Springe nei ynhâld

Emma baronesse Orczy

Ut Wikipedy
Emma baronesse Orczy
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Emma Magdolna Rozália Mária
  Jozefa Borbála Orczy de Orczi
nasjonaliteit Hongaarsk
Britsk
berne 23 septimber 1865
berteplak Tarnaörs (Hongarije)
stoarn 12 novimber 1947
stjerplak Henley-on-Thames (Ingelân)
etnisiteit Hongaarsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre hist. romans en ferh., toaniel,
detektiveferh., mearkes, autobiogr.
perioade Belle Époque, 20e iuw
streaming neo-romantyk
bekendste
  wurk(en)
The Scarlet Pimpernel
("De Reade Pimpernel")
jierren aktyf 18991947
offisjele webside
n.f.t.

Emma baronesse Orczy (útspr.: /'ɔrʦi:/, likernôch: "ortsii"), ropnamme: Emmuska, folút: Emma Magdolna Rozália Mária Jozefa Borbála Orczy de Orczi (Tarnaörs (Hongarije), 23 septimber 1865Henley-on-Thames (Ingelân), 12 novimber 1947), wie in Hongaarsk-Britsk skriuwster (fan romans en koarte ferhalen), toanielskriuwster, oersetster en keunstneresse fan aadlik komôf. Se skreau benammentlik histoaryske romans, en is fral bekend wurden (as baronesse Orczy) mei har rige oer de Reade Pimpernel. Guon fan har skilderijen binne tentoansteld wurden yn 'e Royal Academy te Londen.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baronesse Orczy waard yn 1865 berne yn Tarnaörs, yn 'e provinsje Heves, yn noardlik Hongarije, as de dochter fan 'e komponist Felix baron Orczy de Orczi (1835-1892) en Emma grevinne Wass von Szentegyed und Czege (1839-1892). Mei trije jier ferliet har gesin it Hongaarske plattelân, mei't har âldelju benaud wiene foar in boere-opstân. Se wennen dêrnei yn 'e haadstêd Boedapest en letter yn Brussel en yn Parys, dêr't Orczy sûnder súkses muzyk studearre. Yn 1880 ferfearen se nei de Britske haadstêd Londen, dêr't se keamers hierden by harren lânsman Francis Pichler, yn 'e Great Portland Street. Orczy folge der in keunstoplieding oan 'e West London School of Art, en letter oan Heatherley's School of Fine Art. Dêre mette se Montague MacLean Barstow, in Ingelske dûmnyssoan, mei wa't se yn 1894 troude.

Karriêre as skriuwster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't se goed deunoan wiene, sette Orczy yn 1895 útein om har man te helpen by it oersetten en yllústrearjen fan Hongaarske folksferhalen en mearkes. Yn 1899 begûn se oan it skriuwen fan har earste roman, The Emperor's Candlesticks. Se fûn der in útjouwer foar, mar it waard gjin súkses. Har detektiveferhalen, dy't se publisearre yn it tydskrift Royal Magazine, waarden better ûntfongen, en har folgjende roman, In Mary's Reign (1901) foel der goed yn.

Yn 1903 skreaune Orczy en Barstow in toanielstik, De Reade Pimpernel, dat basearre wie op ien fan har eardere koarte ferhalen oer in Ingelske aristokraat, sir Percy Blakeney, dy't ûnder de skûlnamme fan 'e "Reade Pimpernel" oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw Frânske eallju rêdt fan in ûnfertsjinne dea ûnder de guillotine. Fuort neitiid wurke se it ferhaal ek om ta in roman, en wylst se op it antwurd wachte fan 'e útjouwers dêr't se har manuskript hinne stjoerd hie, iepene it toanielstik yn it Londenske West End. Yn 't earstoan kaam der net in protte folk op ta, mar geandewei feroare dat. De Reade Pimpernel waard yn Londen fjouwer jier oan ien stik wei opfierd en loek rekôroantallen skouboarchbesikers, wêrnei't it oerset waard yn ferskate oare talen en yn it bûtenlân ek rûnom opfierd waard. Letter folgen der yn Ingelân noch ferskillende revivals. Troch it súkses fan it toanielstik waard de roman, dy't ek fan De Reade Pimpernel hiet, doe gau-gau publisearre; mei de ferkeap gie it dat it slydjage, en Orczy en har gesin waarden yn ien klap fan earmoede ferheft ta in begoedige steat.

Hja gie dêrnei troch mei it skriuwen fan mear as tsien ferfolchromans oer de aventoeren fan sir Percy Blakeney, syn famylje en syn maten, wêrfan't de earste I Will Repay, út 1906, de populêrste wie. It lêste Reade Pimpernel-boek, Mam'zelle Guillotine, kaam út yn 1940. Orczy skreau ek noch fjouwer oare toanielstikken, dy't lykwols net ien fan allegear De Reade Pimpernel yn populariteit belykje koene. Har oare wurk omfieme in ferskaat oan histoaryske en detektiveromans en -ferhalen. Har ferhalebondel Lady Molly of Scotland Yard wie ien fan 'e earste foarbylden fan it detektivesjenre mei in frou yn 'e rol fan 'e detektive. Har wurk makke Orczy sa ryk dat se in filla yn Monte Carlo keapje koe.

Opfettings, priveelibben en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orczy wie op polityk en maatskiplik mêd tige konservatyf. Se leaude fêst dat de adel superieur wie oan it miene folk, en wie in fûleindich oanhinger fan it Britske ymperialisme en militarisme. Under de Earste Wrâldoarloch rjochte se de Women of England's Active Service League op, in organisaasje dy't derop rjochte wie om safolle mooglik froulju safier te krijen dat se eltse sûne man dy't se koene, beprate soene om as frijwilliger tsjinst te nimmen yn 'e Britske Striidkrêften. Likernôch 20.000 froulju sleaten harren by dy organisaasje oan. Nei de Oktoberrevolúsje en it ûntstean fan 'e Sovjet-Uny ûntpopte Orczy har ek ta in fjurrich anty-kommuniste.

Orczy troude yn 1894 mei Montague Barstow, en wie dêrnei, neffens eigen sizzen, hast in heale iuw lang folslein lokkich mei him. Se krigen ien soan, John Montague Orczy-Barstow (1899). Orczy stoar op 12 novimber 1947 yn Henley-on-Thames, yn 'e âlderdom fan 82 jier.

  • 1899 The Emperor's Candlesticks
  • 1901 In Mary's Reign (yn 1907 werútbrocht as The Tangled Skein)
  • 1905 The Scarlet Pimpernel
  • 1905 By the Gods Beloved (yn 1907 yn 'e Feriene Steaten útbrocht as The Gates of Kamt)
  • 1906 I Will Repay
  • 1906 A Son of the People
  • 1907 Beau Brocade
  • 1908 The Elusive Pimpernel
  • 1909 A Ruler of Princes
  • 1909 The Nest of the Sparrowhawk
  • 1910 Petticoat Government
  • 1911 A True Woman
  • 1912 The Traitor
  • 1912 The Good Patriots
  • 1912 Fire in Stubble
  • 1912 Meadowsweet
  • 1913 Eldorado
  • 1914 Unto Cæsar
  • 1914 The Laughing Cavalier
  • 1915 A Bride of the Plains
  • 1915 The Bronze Eagle
  • 1916 Leatherface
  • 1917 Lord Tony's Wife
  • 1917 A Sheaf of Bluebells
  • 1918 Flower o' the Lily
  • 1919 His Majesty's Well-beloved
  • 1921 The First Sir Percy
  • 1922 The Triumph of the Scarlet Pimpernel
  • 1922 Nicolette: A Tale of Old Provence
  • 1924 The Honourable Jim
  • 1924 Pimpernel and Rosemary
  • 1924 Les Beaux et les Dandys de Grand Siècles en Angleterre
  • 1925 The Miser of Maida Vale
  • 1925 A Question of Temptation
  • 1926 The Celestial City
  • 1927 Sir Percy Hits Back
  • 1929 Blue Eyes and Grey
  • 1930 Marivosa
  • 1931 In the Rue Monge
  • 1932 A Joyous Adventure
  • 1932 A Child of the Revolution
  • 1933 The Scarlet Pimpernel Looks at the World
  • 1933 The Way of the Scarlet Pimpernel
  • 1934 A Spy of Napoleon
  • 1935 The Uncrowned King
  • 1935 The Turbulent Duchess
  • 1936 Sir Percy Leads the Band
  • 1937 The Divine Folly
  • 1938 No Greater Love
  • 1940 Mam'zelle Guillotine
  • 1942 Pride of Race
  • 1947 The Will-O'-The-Wisp
  • 1905 The Case of Miss Elliott
  • 1909 The Old Man in the Corner
  • 1910 Lady Molly of Scotland Yard
  • 1918 The Man in Grey
  • 1919 The League of the Scarlet Pimpernel
  • 1921 Castles in the Air
  • 1926 Unravelled Knots
  • 1928 Skin o' My Tooth
  • 1929 Adventures of the Scarlet Pimpernel
  • 1903 The Scarlet Pimpernel (mei Montague Barstow)
  • 1906 The Sin of William Jackson
  • 1908 Beau Brocade
  • 1911 The Duke's Wager
  • 1918 The Legion of Honour (in adaptearre ferzje fan A Sheaf of Bluebells)
  • 1895 Old Hungarian Fairy Tales (mei Montague Barstow)
  • 1895 The Enchanted Cat (mei Montague Barstow)
  • 1895 Fairyland's Beauty (mei Montague Barstow)
  • 1895 Uletka and the White Lizard (mei Montague Barstow)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.