Emily Maitlis
Emily Maitlis (6 septimber 1970) in yn Kanada berne Britsk sjoernalist en nijslêzer, is anno 2010 ien fan de wichtichste presintators yn ferskate BBC-nijsprogramma's.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maitlis sprekt floeiend Spaansk, Ingelsk, Italjaansk en Frânsk en in bytsje Sineesk-Mandarynsk.[1]
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- King Edward VII middenbere skoalle, Sheffield,
- Queens' College, Cambridge
Sjoernalist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1992-94 radio nijs/hjoeddeiske saken yn Hong Kong
- 1994-97 dokumintêremakker fanút Hong Kong, yn Kambodja en Sina.
- 1997-98 saaklik korrespondint, NBC Asia
- 1998-2001 presintator, saaklik korrespondint en ferslachjouwer, Sky News UK
- 2001-06 presintator, BBC Londen. Ferskate nijsprogramma's
- 2006 presintator, ûnder oaren Newsnight en BBC News 24
Yn novimber 2019 hie Maitlis in fraachpetear fan trije kertier mei prins Andrew, hartoch fan York yn Buckingham Palace, oer syn relaasje mei de Amerikaanske sededelinkwint Jeffrey Epstein. It ynterview waard op 16 novimber 2019 troch de BBC útsjoerd[2] en joech in soad opskuor.
Persoanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maitlis is fan joadsk komôf, de dochter fan professer Peter Maitlis, emeritus professer anorganyske gemy oan de Universiteit fan Sheffield en Marion Maitlis. Hja is troud mei in bankier, Mark Gwynne[3] en hat twa bern.
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Airhead: The Imperfect Art of Making News (23 april 2019), ISBN 978-0241362853.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|