Emylje-Romanje
Emylje-Romanje Emilia-Romagna | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Bologna |
Oerflakte | 22.123 km² |
Befolking | 4.464.111 (31.07.2024) |
Befolkingstichtens | 181 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Cimone: 2.165 m |
Oantal gemeenten | 341 |
Provinsjes | Bologna, Ferrara, Forlì-Cesena, Modena, Parma, Piacenza, Ravenna, Reggio Emilia, Rimini |
Emylje-Romanje (Italjaansk: Emilia-Romagna; Emyljaansk: Emélia-Rumâgna; Romanjoalsk: Emélia-Rumâgna) is in regio yn it noarden fan Itaalje, offisjeel oprjochte yn 1970. De regio wurdt yn it easten begrinze troch de Adriatyske See, yn it noarden troch de rivier de Po en yn it suden troch de Apeninen. De regio grinzet fierders oan de regio's Piëmont, Liguerje, Toskane, De Marken, Lombardije, Feneto en de selsstannige republyk fan San Marino. Sawat de helte fan it grûngebiet heart ta de Poflakte, dêrmei is de regio ien fan de flakste yn Itaalje. Haadstêd is Bologna, de grutste stêd en iennige metropolitane stêd fan 'e regio.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Emylje-Romanje ûnstie troch gearfoeging fan 'e histoaryske regio's Emylje (it westlike diel fan 'e regio) en Romanje (it eastlike diel).
Op 20 en 29 maaie 2012 waard de regio troch twa ierdskoddings troffen. Dêrby waarden in soad histoaryske bouwurken skeind. Sechtjin minsken ferlearen harren libben en 14.000 rekken harren hûs kwyt. De ekonomyske skea wie grut mei't de rispinge foar in grut part ferlern gie. Op 17 maaie waard de regio troffen troch oerstreamings. Mear as 15.000 minsken moasten út harren hûs en 14 minsken ferlearen it libben.
Provinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Emylje-Romanje is yn ien metropolitane stêd en acht provinsjes ferdield en hat meiïnoar 4.450.798 ynwenners (sifers ISTAT, 2024). De lêste provinsje dy't oprjochte waard is Rimini, earder in ûnderdiel fan Forlì (letter Forlì-Cesena ), wylst sûnt jannewaris 2015 de metropolitane stêd Bologna de eardere provinsje Bologna ferfangt. De measte stêden lizze en it grutste part fan 'e befolking wennet op 'e flakke dielen fan 'e regio.
kaart | wapen | provinsje | ôfk. | ynwennertal | haadstêd | oantal gemeenten |
---|---|---|---|---|---|---|
Bologna | BO | 1.015.108 | Bologna | 55 | ||
Ferrara | FE | 345.691 | Ferrara | 21 | ||
Forlì-Cesena | FC | 394.627 | Forlì-Cesena | 30 | ||
Modena | MO | 705.422 | Modena | 47 | ||
Parma | PR | 452.022 | Parma | 44 | ||
Piacenza | PC | 287.780 | Piacenza | 46 | ||
Ravenna | RA | 389.235 | Ravenna | 18 | ||
Reggio Emilia | RE | Reggio Emilia | 531.891 | 42 | ||
Rimini | RN | 339.437 | Rimini | 27 |
Gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Emylje-Romanje is nei Kampaanje de twadde regio mei de grutste stêden wat ynwennertal oanbelanget. Njoggen gemeenten ha mear as 100.000 ynwenners.
Posysje | Posysje
yn Itaalje |
Gemeente | Ynwennertal |
Oerflak (km²) |
Befolkingstichtens (km²) |
Hichte (m boppe seenivo) |
Provinsje |
---|---|---|---|---|---|---|---|
1º | 7º | Bologna | 394503 | 140,86 | 2.800.67 | 54 | BO |
2º | 19º | Parma | 200.455 | 260,77 | 747,70 | 57 | PR |
3º | 20º | Modena | 184.973 | 183,23 | 1.014 | 34 | MO |
4º | 22º | Reggio Emilia | 171.192 | 231,56 | 746,39 | 58 | RE |
5º | 25º | Ravenna | 15.173 | 652,89 | 245 | 4 | RA |
6º | 28º | Rimini | 147.747 | 134,52 | 1.042 | 5 | RN |
7º | 30º | Ferrara | 133.398 | 404,36 | 333 | 9 | FE |
8º | 37º | Forlì | 118.208 | 228,19 | 509 | 34 | FC |
9º | 44º | Piacenza | 102.173 | 118,46 | 859 | 61 | PC |
10º | 49º | Cesena | 96.716 | 249,47 | 383 | 44 | FC |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Bologna.
-
Parma.
-
Regionaal Park fan Vena del Gesso Romagnola.
-
Ferrara.
-
Rimini.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emilia-Romagna fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |