Else Pia Erz
Else Pia Martinsen Erz (Feldborg, 1961) is in byldzjend keunstneresse út Skaerbaek yn Denemark.
Sûnt 1996 hat se dwaande west mei skilderjen, tekenjen en fotografy. Se wurke yn de tekstyl- en beklaaiïngsyndustry en letter yn kompjûterdesign.
Ynspiraasje fynt Else Pia Erz yn de fûgels fan de Waadkust dy't se yn ûnbidige kloften of lytse keppeltsjes mar ek as inkeling op har doeken fêstleit. Mist, sinne, wyn, rein, snie, waarmte, kjeld, it kommen en gean fan de fûgels en de wurking fan eb en floed jouwe it waad in soad gesichten. Erz leit de sfear fêst yn de ferskate seizoenen, op de ferskate tiden fan de dei en dêryn it gedrach fan de fûgels. It fariearret fan kleurige balletten oant sobere swart-wyt ympresjes. Har kleurgebrûk en de manier fan skilderjen meitsje har wurk ekspresjonistysk en bytiden hast abstrakt.
Yn de simmer fan 2009 wie har wurk te sjen by galery/byldetún Bûtengewoon fan Jitse Sikkema yn De Wylgen. Se krige in útnûging om yn desimber te eksposearjen op de biënnale yn it Italjaanske Florâns.
-
Guozzen
-
Guozzen
-
Guozzen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |