Jitse Sikkema

Ut Wikipedy

Jitse Sikkema (Ljouwert, 7 maaie 1943) is in Frysk byldzjend keunstner út De Wylgen. Sikkema folge in oplieding oan de Akademy foar Byldzjende Keunst Minerva yn Grins.

Syn earste wurk bestiet benammen út skilderingen, mar al rillegau giet Sikkema faker oer op romtlik wurk. In soad fan syn klaaiobjekten wurde yn brûns ôfjitten. De iene kear is it mear figuratyf, in oare kear mear non-figuratyf. Ek kin de foarstelling yn in surrealistyske styl werjûn wurde. Syn tema's binne Minske, minsklike emoasjes en relaasjes. As materiaal brûkt er keramyske en kombinearre materialen en brûns. In soad fan syn wurken binne makke foar ynstellingen as SBK Ljouwert, ferskate gemeenten lykas Weststellingwerf (Aldlemmer) en partikulieren.

Syn wurk stiet sûnt 1998 permanint eksposearre yn galery Bûtengewoan oan de Drachtster Heawei tusken Drachten en De Feanhoop. Oer syn wurk is by de oersjochtentoanstelling ”Bylden yn de tiid” yn Museum Smellingerlân yn Drachten it boek Een ontmoeting met het werk van Jitse Sikkema ferskynd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: