Springe nei ynhâld

Ellecom

Ut Wikipedy

Ellecom is in doarp dat yn de gemeente Rheden yn de Nedêrlânske provinsje Gelderlân. It doarp hie yn 2021 sa’n 1.035 ynwenners.

Ellecom is ien fan de âldste doarpen fan de Feluwe. It doarp leit mei syn griene omkriten tusken de Unhillige Bosken fan de Feluweseame en de oerstreamingsflakten fan de Isel.

Yn it doarp stiet in herfoarme tsjerke mei in romaanske toer út de 12e iuw. It goatyske koar fan de tsjerke komt út de 15e iuw. De tsjerke hat in sterke bân mei de bewenners fan Kastiel Middachten.

Yn Ellecom leit it lângoed Avegoor. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Avegoor brûkt as opliedingsynstitút foar de Nederlânske SS en in skoft brûkt as wurkkamp foar Nederlânske Joaden. No is Avegoor in hotel en konferinsjesintrum.

Yn de oarloch waard it Ellecom op 23 febrewaris 1945 yn it hert rekke troch in defekte V1-raket fan it Dútske leger. By de ûntploffing waard it lânhûs Grut-Bergstein fernield.

Rintmasterkantoar Korevaar
De Doarpstsjerke