Elisabeth Menalda

Ut Wikipedy
Elisabeth Menalda
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 april 1895
berteplak Ljouwert
stoarn 18 april 1997
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as keunstboekbiner
jierren aktyf - 1997

Elisabeth Menalda (Ljouwert, 12 april 1895Amsterdam, 18 april 1997) wie in Nederlânske keunstboekbynster.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Menalda wie in lid fan de yn it "Nederland's Patriciaat" opnommen famylje Menalda en in dochter fan de jurist en griffier fan de Fryske Provinsjale Steaten mr. dr. Cornelis Benjamin Menalda (1862-1950) en Alida Adriana Holleman (1864 -1945).
Menalda folge ynearsten in kursus meubelmeitsjen, mar nei't hja nei Amsterdam ferhuze folge se dêr de opliedings Binnenarsjitektuer en Meubelkeunst oan it Instituut voor Kunstnijverheidsonderwijs en de Kunstambachtsschool voor meisjes; dêrnjonken folge se yn Londen in oplieding oan de Central School of Arts and Crafts Douglas Cockerell.
Fan 1924 oant 1975 beoefene se it fak fan keunstboekbynster yn Amsterdam. Dêrby bûn se benammen in soad unike bannen by gelegenheid fan beurzen en ôfskiedsfeesten fan bygelyks keunstners of heechleararen, yn opdracht fan dyjingen dy't it album oanbeaën.
Yn 1934 publisearre se "Zelf boekbinden". Hja hold ek lêzingen oer de boekbynkeunst. Se folge har fak oant op hege leeftiid.

Menalda wie lid fan de Vereeniging voor Ambachts- en Nijverheidskunst (VANK) en GKf beroepsvereniging van fotografen.

Yn 2006 waard noch in tentoanstelling yn har berteplak oan har wijd.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Zelf boekbinden. Amsterdam, [1934].

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Alida A.H. Beekhuis en Jan Storm van Leeuwen, Elisabeth Menalda en het kunstboekbinden. Ljouwert, 2006 [tentoanstellingskatalogus].
  • Ida Schrijver, 'In de ban van het boek; Elisabeth Menalda en het kunstboekbinden', yn: Boek Behoud Bericht. Het tijdschrift voor boekbindend en boekminnend Nederland 17 (2006) 4 (oktober), s. 191-193.
  • Haye Bijlstra, 'Expositie: Elisabeth Menalda en het kunstboekbinden: In de ban van het boek', yn: Letterhoeke 2 (2006) 2, s. 6-7.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: