Springe nei ynhâld

Wetterskip It Noardersylfest

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Electraboezem)
Kaart mei de Nederlânske wetterskippen (2014). Nûmer 1 is it Noardersylfest

Wetterskip It Noardersylfest (offisjele namme Noorderzijlvest) is in wetterskip dat warber is yn Grinslân, Drinte en Fryslân. It gebiet omfiemet Grinslân benoarden de line Grins - Delfsyl, it meastepart fan Grinslân bewesten Grins mei in punt dy't rikt oant yn Noardwest-Drinte, en it Lauwersmargebiet, dat foar in part by Fryslân heart. It wetterskip Noardersylfest is ien fan de trije wetterskippen warber yn Fryslân, de oaren binne it Wetterskip Fryslân en Blije Bûtendyks. It wetterskip hat in gebiet 144.000 hektare. Der wenje likernôch 375.000 minsken.[1]

It wetterskip ûntstie yn 1995 nei de fúzje fan de doetiidske wetterskippen Elektra, Hunsingoa, Noardenfjild en Westerkertier, dêr't ek in part fan it wetterskip Smilde en de seedyk fan it dykwetterskip Ommelânske Seedyk mei oergienen.

Yn 2000 waard it part fan it Iemssylfest dat noardlik fan it Iemskanaal lei ta it Noardersylfest foege, wat ek barde mei it wurk fan it Suveringskip Drinte en fan it SPG, de Suvering fan de Provinsje Grinslân. It wetterskip hat syn haadkertier yn Grins.

De wichtichste ôfwettering út it gebiet is it Reitdjip, dat bemealle wurdt troch it gemaal De Wetterwolf. It wetter wurdt troch de boezem fan de Lauwersmar en dêrnei troch de Lauwerssilen op de Waadsee útwettere.

Oan de eastkante is de wichtichste ôfwettering it Daamsterdjip, dat bemealle wurdt troch it gemaal De Trije Delfsilen. It gemaal wetteret ôf op de Iems.

Yn it noarden fan it wetterskip binne ferskate lytse ôfwetterings, dêr't de wichtichsten fan bemeald wurde troch de gemalen Noardpoldersyl en Spyksterpompen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kengetallen en Beheergebied, Noorderzijlvest.nl (sjoen op 22 novimber 2010)