Springe nei ynhâld

Teide

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan El Teide)
Teide
  berch
De Teide, sjoen út it noarden wei.
De Teide, sjoen út it noarden wei.
Teide (Kanaryske Eilannen)
Teide
Lokaasje fan 'e Teide yn de Kanaryske Eilannen.
geografy
lân Spanje
aut. mienskip Kanaryske Eilannen
provinsje Santa Cruz de Tenerife
koördinaten 28°16′23″ N 16°38′22″ W
sifers
hichte b. seenivo 3.718 m
folsleine hichte 7.500 m
oar
soarte berch aktive fulkaan
lêste útbarsting 1909
âldens 160.000 jr
1e beklimming 1582

De Teide of El Teide (Spaansk: Pico del Teide, útspr.: ['piko ðel 'tei̯ðe], likernôch: "piko zel tee-y-ze") is in fulkaan op it eilân Teneryf, yn 'e Kanaryske Eilannen, in arsjipel foar de kust fan noardwestlik Afrika dy't bestjoerlik ta Spanje heart. Dizze fulkaan is 3.718 m heech, en is dêrmei de heechste berch fan sawol Spanje as fan alle eilannen yn 'e Atlantyske Oseaan. Metten fan 'e seeboaiem ôf is de Teide sels 7.500 m heech, en dêrmei de op twa nei heechste fulkaan yn 'e wrâld, nei de Mauna Kea en de Mauna Loa, dy't beide op it Hawaïaanske eilân Hawaï lizze.

Troch de hichte fan 'e Teide is Teneryf it op njoggen nei heechste eilân fan 'e wrâld. de Teide is noch altyd in aktive fulkaan, en de meast resinte útbarsting datearret fan 1909. Eardere histoaryske útbarstings fûnen plak yn 1798, 1706, 1705, 1704 en 1492. Hoewol't der yn 1909 net in protte skea oanrjochte waard, hat de Teide it potinsjeel om tige ferwuostgjend te wêzen. Sa waarden yn 1706 de wichtige havenstêd Garachico en ferskate doarpen yn 'e omkriten ferrinnenwearre, en de myten fan 'e Gûantsje, de oarspronklike bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen, ferwize nei teminsten ien oare grutte útbarsting wêrby't in protte minsken omkamen. Yn 'e myte wurdt dy fulkanyske aktiviteit taskreaun oan 'e striid tusken de boasaardige fulkaangod Guayota en de skepper-god Achamán. De neite fan 'e Teide ta ferskate gruttere plakken, wêrûnder Garachico, Icod de los Vinos en Puerto de la Cruz, is sadwaande tige soarchlik.

De Teide en omkriten foarmje it Nasjonaal Park Teide, dat in oerflak fan likernôch 18,9 km² hat. Op 28 juny 2007 waard dat nasjonaal park op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO pleatst. De Teide is de meast besochte natuerlike besjensweardichheid yn hiele Spanje, en it Nasjonaal Park Teide is it meast besochte nasjonaal park fan it lân, en teffens fan Jeropa. Mei likernôch 3 miljoen besikers jiers is it ek it op sân nei meast besochte nasjonaal park fan 'e wrâld. Op 'e berchskeanten fan 'e Teide is ek in wichtige ynternasjonale stjerrewacht fêstige, it Observatoarium fan Teide.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.