Springe nei ynhâld

Froulike ejakulaasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ejakulaasje by froulju)

Froulike ejakulaasje is it útdriuwen fan in lichemseigen floeistof troch de para-uretrale klieren yn in ritmyske ta- en ôfnimmende striel fia de urinebuis fan 'e frou ûnder of flak foar it berikken fan in orgasme. Yn 'e sprektaal wurdt soks ornaris oantsjut mei de Ingelske term squirting ("strieljen"). Hoewol't it hjirby oars as dat faak tocht wurdt (fral troch manlju) net om 'e útstjit fan urine giet, is de persize boarne en aard fan 'e floeistof yn wittenskiplike fermiddens en ûnder medisy noch altyd ûnderwerp fan debat.

De earste kear dat froulike ejakulaasje yn wittenskiplike literatuer neamd waard, wie yn 'e sechstjinde iuw, doe't de Nederlânske sirurgyn en publisist Laevinius Lemnius beskreau hoe't in frou "it sied oan 'e man ûntlokket en tagelyk har eigen útsmyt." Yn 1668 ferskynde der fan 'e hân fan 'e Nederlânske anatoom Regnier de Graaf in ynfloedryk traktaat oer it froulike geslachtsorgaan, mei as titel Oangeande de Fuortplantingsorganen fan Froulju, wêryn't ek froulike ejakulaasje op 't aljemint kaam. De Graaf wie de earste dy't de floeistof weromtrasearre nei de klieren om 'e urinebuis hinne en syn wurk wurdt noch altyd in protte oanhelle as it oer dit ûnderwerp giet.

Yn 'e njoggentjinde iuw wie de wittenskip him dizenich bewust fan it ferskynsel froulike ejakulaasje, mar waard it as in ôfwiking of perversiteit beskôge, û.m. troch Sigmund Freud, dy't it mei hystery yn ferbân brocht. Nettsjinsteande it feit dat de foaroansteande Fryske gynekolooch Theodoor Hendrik van de Velde it yn 1926 as in normale lichemsfunksje opnaam yn syn wurk Het Volkomen Huwelijk, waard froulike ejakulaasje troch de rest fan 'e tweintichste-iuwske wittenskip fierhinne negearre. Guon feministen, lykas Sheila Jeffreys yn 1985, beskreaune it ferskynsel as wie it in pervers fabeltsje dat troch manlju betocht wie ta har eigen seksuële gratifikaasje oangeande fantasijen oer lesbyske seks. Pas troch it wurk fan anatome Helen O'Connell waard fanôf 1998 dúdlik dat froulike ejakulaasje wis wol bestiet, al is mar in diel fan 'e froulju derta yn steat.

Yn trije enkêtes út 'e tachtiger jierren joech 35-50% fan 'e froulju oan dat se bytiden ûnder it orgasme in útstjit fan floeistof ûnderfûn hiene. Yn ferskate wittenskiplike stúdzjes lei dat persintaazje tusken 10% en 69%, ôfhinklik fan 'e definysjes en ûndersyksmetoaden. Yn 'e stúdzje troch Stanislav Kratochvíl, út 1994, bygelyks, joech fan 200 froulju 6% oan dat se ejakulearre hiene, wylst by nochris 60% by it orgasme wolris in stream floeistof fuortrûn wie sûnder dat der sprake wie fan in striel, en 13% fan 'e froulju in tuskenbeiden foarm belibbe hiene. By froulike ejakulaasje liket it om hoemannichten floeistof fan trochinoar 1-5 ml te gean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.