Eben-Haëzer (Earnewâld)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Eben-Haëzer
Earnewâld, Eben Haëzer.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
plak Wapen fan Earnewâld.jpg Earnewâld
adres Wiedswei 6
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1906
webside Side fan de grifformearde tsjerke

Eben-Haëzer is de namme fan de tsjerke fan de grifformearde gemeente yn Earnewâld. De gemeente is oansletten by de PKN en is ien fan de twa PKN-gemeenten fan it wetterdoarp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien

De grifformearde gemeente fan Earnewâld waard oprjochte op 21 febrewaris 1900 [1], wylst de bou fan de tsjerke yn 1906 folge. It ienfâldige tsjerkje hat in lyts tuorke, mei twa legere dwersskippen en wurdt ferljochte troch rûnbôgeramen.

It ynterieur waard yn 1992 feroare. De opfallende preekstoel datearret út dy tiid en hat de foarm fan de boech fan in skûtsje.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1907 foar de grifformearde tsjerke fan Heemse boud troch de firma J. Proper út Kampen. In ynstrumint kaam yn 1952 yn de tsjerke fan Earnewâld telâne en waard yn 2002 foar it lêst fernijd troch S. Haarsma út Drachten.[2]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] PKN Earnewâld
  2. [2] Kerk en Orgel