Eastermars Lânsdouwe
Eastermars Lânsdouwe is in natoerferiening dy't yn 1992 oprjochte waard troch boeren en grûnbrûkers yn en om Eastermar.
Yn de rin fan de jierren wie it lytsskalige kûlisselânskip stiloan oan it ferdwinen, mei troch de skaalfergrutting yn de lânbou. As agraryske natoerferiening stelde de feriening him in ekonomyske duorsume lânbou as doel. Soks barde yn de mande mei in ferantwurde behear fan natoer en lânskip. Sa waarden lânbou, miljeu, natoer en lânskip mei elkoar ferbûn. Yn de praktyk betsjutte dit ûnder mear dat de leden fan de feriening har ynsetten foar it behâld fan de elzesingels en beamwâlen yn de omkriten. Hjirneist beheart de feriening ek it ûnderhâld fan de sânpaden om Eastermar yn gearwurking mei de gemeente.
Fryske Anjer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017 krige de Feriening Eastermars Lânsdouwe de Fryske Anjer.[1]. De feriening bestie yn 2017 25 jier. De priis waard op 17 novimber útrikt troch Arno Brok, kommissaris fan de Kening yn Fryslân en ek foarsitter fan it Kultuerfûns. It inisjatyf krige in soad neifolging. Oerheden, lânbou en maatskiplike organisaasjes binne sûnt mei-inoar yn petear gien om te berikken dat de ûntwikkeling fan ekonomysk duorsume lânbou yn lykwicht brocht wurdt mei it miljeu en dat soks troch in ferantwurde behear stânhâldt. Mar ek dat dêrby de karakteristike eigenskippen fan it gea net ferlern geane.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |