Barchjeblom
barchjeblom | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Iris pseudacorus | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
De barchjeblom (Iris pseudacorus) is in 80 sm oant ien meter hege ouwerplant fan swiet, stilsteand of stadich streamend wetter. De plant groeit yn ûndjip wetter dat oant sawat 30 sm djip is. De plant wurdt ek wol bargeblom, bargesnyl, earrebarreblom earrebarresnyl en floddermûtse neamd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lange, smelle blêden hawwe in wat opsteande middennerf en bliuwe it hiele jier grien.
De blommen binne fan maaie oant juny te sjen en binne 5 oant 12 sm yn trochsneed. De blom hat in grut grien skutblêd, trije grutte ôfhingjende blomdekslippen, en trije lytsere kroanblêden. Nei de bloei sitte de siedden as in rôltsje munten opinoar steapele yn trijekantige sieddoazen (barchjes). Dizze befetsje loftholten wêrtroch't se driuwen bliuwe. Bern boartsje faak mei de fruchten troch der lúsjefersprikjes yn te stekken om sa bisten út te byldzjen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fryslân is de barchjeblom in bekende plant by sleatten lâns en op oare sompige plakken mei ûndjip wetter. It oantal planten rûn ein 20e iuw in Nederlân slim werom, reden wêrom't de plant yn Nederlân wetlik beskerme west hat, mar no net mear.
Ekologyske aspekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trochdat de barchjeblom safolle fiedingsstoffen út it wetter opnimt, kin de plant bydrage oan it skjinhâlden fan it wetter.
De nektar is nochal djip weistoppe, Bijen en hommels moatte der hielendal yn krûpe om by de nektar te kommen. At de blommen hielendal ryp binne, rôlje de siedden der út. De siedden driuwe oer it wetter oant se by de wâl stykjen bliuwe en ûntkime.
Oare planten yn de omjouwing binne bygelyks de dotterblom, kalmuswoartel en bûterblêden yn de buert.
De lissnúttuorre (Mononychus punctum-album) is in lyts (3-4 mm) tuorke dat libbet fan de sappen fan de barchjeblom, de rûp libbet fan en yn de siedden.
Tunen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De barchjeblom kan in túnfivers kweekt wurde. De fiver moat dêrfoar wol grut genôch wêze, oars groeit de fiver hurd ticht en ha de planten net folle profyt fan inoar. Yn de tún kin fermeardering troch siedfoarming (siedden drûch bewarje) én troch skuorren barre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- SoortenBank.nl beskriuwing en ôfbylden
- Plantesoarte
- Iris (skaai)
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn Fatikaanstêd
- Lânseigen floara yn Finlân
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Gibraltar
- Lânseigen floara yn Grikelân
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kazachstan
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Malta
- Lânseigen floara yn Man
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Monako
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn Noarwegen
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Portegal
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn San Marino
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Sibearje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Súd-Osseesje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Algerije
- Lânseigen floara yn Irak
- Lânseigen floara yn Iran
- Lânseigen floara yn Israel
- Lânseigen floara yn Jordaanje
- Lânseigen floara yn Libanon
- Lânseigen floara yn Marokko
- Lânseigen floara yn Palestina
- Lânseigen floara yn Syrje
- Lânseigen floara yn Tuneezje
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Japan
- Eksoat yn Kanada