Kalmuswoartel
kalmuswoartel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Acorus calamus | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
De kalmuswoartel (Acorus calamus) is in fêste moerasplant.
Oare Fryske nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Frysk wurdt de kalmuswoartel ek wol Earrebarrebrea, Kalmswoartel, Kalmwoartel, Kalmerwoartel, Kauwoartel, Kollumerwoartel as Swannebrea neamd.
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plant hat in stevige, lange woartelstôk mei sêfte woartels. De woartelstôk krûpt ticht oer de grûn. Hy produsearret oant 1 meter lange, swurdfoarmige, rjochtoereinsteande blêden en in allinnichsteande, rjochtopgeande blomstâle. De foarm fan de blomstâle liket op dy fan it blêd. Oan de blomstâle groeit de bloeikolf, dy't út de sydkant fan de stâle liket te kommen. De bloeikolf bestiet út ticht opinoar steande, lytse, gielgriene blommen. De fruchten binne reade beien mei meardere siedden. De plant fermearderet him net allinnich troch geslachtlike fuortplanting mar kin him ek troch fegetative fuortplanting fermearderje troch ûnderierdske útrinners dy't út de woartelstok ûntspringe.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kalmuswoartel is lânseigen yn Yndia en it suden fan Sina. De kalmuswoartel komt tsjintwurdich ek foar yn Jeropa en Noard-Amearika, wêr't hy troch de minsk ynfierd is. De plant komt foar fan de bergen oant yn it leechlân oan de wetterkant fan marren, fivers, sleatten en bline rivierearms. Yn Jeropa komt benammen in triploïde foarm foar dy't him allinnich troch woartelstokken fermannichfâldigje kin.
De woartelstok kin brûkt wurde yn de keuken as smaakmakker fan ferskate gerjochten. De woartelstok kin it bêste yn lytse hoeveelheden iten wurde omdat hy yn grutte hoeveelheden giftich is, en in Hallusinearjende útwurking hawwe kin. De kalmuswoartel wurdt is ek in wichtich bestândiel fan bearenburch. Hy smakket bitter en krûdich en hat in skerpe, aromatyske rook. De woartelstôk befettet ûnder oare fitamine C, choline, koolhydraten, plantaardige gom, etearyske oalje en bitterstoffen.
Yn de krûdegenêskunde wurdt de kalmuswoartel brûkt foar de behanneling fan spiisfertarringsfersteuring, pine yn 't liif, roazigens en net folle sin oan iten ha.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Plantesoarte
- Kalmus (famylje)
- Kalmuseftige
- Medisinale plant
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Afganistan
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Azerbeidzjan
- Lânseigen floara yn Birma
- Lânseigen floara yn Bûtan
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Iran
- Lânseigen floara yn Japan
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Kazachstan
- Lânseigen floara yn Kirgyzje
- Lânseigen floara yn Mongoalje
- Lânseigen floara yn Nepal
- Lânseigen floara yn Noard-Koreä
- Lânseigen floara yn Oezbekistan
- Lânseigen floara yn Pakistan
- Lânseigen floara yn Sibearje
- Lânseigen floara yn Sina
- Lânseigen floara yn Tadzjikistan
- Lânseigen floara yn Turkmenistan
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Yndia
- Eksoat yn Albaanje
- Eksoat yn Andorra
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Bosnje
- Eksoat yn Bulgarije
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Denemark
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Eastenryk
- Eksoat yn Estlân
- Eksoat yn Finlân
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Fryslân
- Eksoat yn Grikelân
- Eksoat yn Guernsey
- Eksoat yn Hongarije
- Eksoat yn Ierlân
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Itaalje
- Eksoat yn Jersey
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Kosovo
- Eksoat yn Kroaasje
- Eksoat yn Letlân
- Eksoat yn Litouwen
- Eksoat yn Lúksemboarch (lân)
- Eksoat yn Lychtenstein
- Eksoat yn Man
- Eksoat yn Moldaavje
- Eksoat yn Montenegro
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Noard-Ierlân
- Eksoat yn Noarwegen
- Eksoat yn Poalen
- Eksoat yn Portegal
- Eksoat yn Roemeenje
- Eksoat yn Servje
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Sloveenje
- Eksoat yn Slowakije
- Eksoat yn Spanje
- Eksoat yn Sweden
- Eksoat yn Switserlân
- Eksoat yn Tsjechje
- Eksoat yn Wales