Springe nei ynhâld

Earehôf Ypekolsgea

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Earehof Ypekolsgea)
Earehof Ypekolsgea

It Earehôf Ypekolsgea leit op it algemiene begraafplak fan it buorskip Ypekolsgea by Wâldsein yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Ypecolsga yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It algemiene begraafplak leit oan de wei fan Snits nei De Lemmer. It earehôf bestiet út 10 stienen mei de nammen:

Namme Funksje Underdiel Sq Ferstoarn Aldens
Edward Croal Sturtskutter R.A.A.F. 44 Sq 17-12-1942 27
Walter Edwin Davey Piloat R.A.F. 149 Sq 05-05-1943 21
Edward Henry Finch Loftmachtsersjant R.A.A.F. 05-05-1943 23
George John Charles Hall Boardskutter R.A.F. 149 Sq 05-05-1943
Donald Richard Higgs Radio-telegrafist/boardskutter R.A.F. 149 Sq 05-05-1943 20
Charles Willis Eric Leach Boardwurktúchkundige R.A.F. 149 Sq 05-05-1943
James Joseph O'Niell Radio-operator/boardskutter R.A.F. 149 Sq 05-05-1943 31
Thomas Cuthberth Timney Navigator/bommerjochter R.A.F. 149 Sq 05-05-1943 28
Richard Frederick Whitaker Navigator/bommerjochter R.A.F. 149 Sq 05-05-1943 35
Gordon Bowden Wilkinson Waarnimmer/bommerjochter R.A.F. 44 Sq 17-12-1942

Op 17 desimber 1942 waard in Lancaster bommesmiter, de ED 355 fan it 44 Squadron, yn de buert fan Ypecolsga (Waterloo) troch in Dútske nachtjager delsketten. Twa bemanningsleden waarden fûn en beïerdige op it tichbylizzende begraafplak fan Ypekolsgea. De resten fan de bommesmiter waarden yn 1951 by graafwurk fûn en ek de stoflike omskotten fan de rest fan de bemanning. Dy waarden dêrnei begroeven op it begraafplak yn de Jonkerbosk yn Gelderlân.

Op 5 maaie 1943 waard in Stirling Mk I, fan it 149e squadron, oanfallen en delsketten troch in nachtjager. It fleantúch stoarte twa kilometer besuden Hommerts del yn de buorskip Lippenwâlde. Alle acht bemanningsleden kamen dêrby om en waarden te hôf brocht yn Ypekolsgea.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: