Short Stirling
Short Stirling | |
---|---|
Rol | Swiere bommesmiter en tôger fan sweefleantugen |
Makker | Short Brothers, Rochester Short Bros. en Harland, Belfast Austin Motor Company |
Earste flecht | 14 maaie 1939 |
Yn tsjinst | febrewaris 1941 |
Ut tsjinst | 1946 |
Farianten | |
Tal makke | 2.371 fan 1939–1945 |
Grutste brûkers | RAF, Egyptyske Loftmacht |
De Short Stirling wie de earste Britske fjouwer-motorige swiere bommewerper. De Stirling waard ûntwurpen en boud troch Bruorren Short nei spesifikaasje fan it Ministearje fan Loftmacht (Air Ministery) út 1936 en tsjinne fan 1941 ôf. It tastel wie mar efkes operasjoneel oan it Jeropeeske loftfront, mar hat de hiele oarloch troch second line duties dien, fan 1943 ôf. Doe waard er ferfongen troch nije fjouwer-motorige RAF bommewerpers, nammentlik de Handley Page Halifax en Avro Lancaster.
De Stirling hie in koart fleanberik, at er fol bommen laden wie, en koe net heech genôch komme om te foldwaan oan de easken fan flechten boppe Dútslân. De fleanders wiene wol tige te sprekken oar de Stirling fanwege de betrouberens en de manûvrearberens fan dizze fleanmasine.
De Stirling bleau goed te brûken as lesfleanmasine, wapendropper yn besette lannen en as tôger fan sweeffleanmasines (gliders) (sa as by de Slach om Arnhim) en sleepdoelen.
Technyske feiten fan de Short Stirling Mk.I
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feiten | Prestaasje |
---|---|
Operasjoneel | 1940 oant 1945 |
Fabrikant | Short Brothers Ltd |
Spanwiidte | 30,22 m |
Lingte | 26,32 m |
Hichte | 6,93 m |
Leechgewicht | ± 20.000 kg |
Startgewicht | ± 27.000 kg |
Bemanning | 7 of 8 man |
Grutste faasje | 416 km/o |
Tsjinstfleanhichte | 6.250 m |
Normaal berik | 3.090 km |
Motoren | fjouwer 1.590 HK Bristol Hercules XI dûbbelstjermotors |
Bewapening | acht 7,7-mm M1919 Browning-masinegewearen, maks. 6.350 kg bommen |
-
Underhâld fan grûnpersoniel oan in Stirling
-
In Short Stirling start op 17 septimber 1944 mei in Horsa-sleepfleanmasine foar de Slach om Arnhim