Springe nei ynhâld

Airspeed Horsa

Ut Wikipedy
Airspeed Horsa


Rol Sweeffleantúch foar troepe- en frachtferfier
Makker Airspeed
Earste flecht 12 septimber 1941
Yn tsjinst 1941
Ut tsjinst 1945
Tal makke >3.600
Brûkers Army Air Corps, United States Army Air Forces
Ynterieur. De houten ôfwurking is goed te sjen. Ek de befêstigingsbouten binne te sjen. It tastel koe nei de lâning maklik út elkoarhelle wurde.
Cockpitynterieur. Allinne needsaaklike ynstruminten en in protte pleksyglês foar útsjoch by de lâning
Ut it slepende tastel wei sjoen

De Airspeed Horsa wie in sweeffleanmasine dy't yn de Twadde Wrâldkriich ferskate kearen op grutte skaal ynset is by alliearde loftlâningsoperaasjes.

De Horsa waarden trije ferzjes fan boud; de AS51 Horsa 1, de AS52 en de AS58 Horsa 2.

Der waarden totaal 3.600 - 3.750 stiks fan boud. Dy binne allegear ferlern gien by operaasjes. De yn museums opstelde eksimplaren binne sekuere replika's; de boutekeningen binne nammentlik noch altyd ta foldwaan.

De Horsa waard ynset:

  • Bemanning: 2
  • Lading: 25 persoanen mei bewapening en tarissing
  • Lingte: 20,5m
  • Spanwiidte: 27m
  • Draachflak fleugels: 102,5 kante meter
  • Hichte: 6 m
  • Leechgewicht: 3805 kg
  • Maksimaal gewicht:7050 kg
  • Maksimale sleepfaasje: 240 km/o
  • Normale sleepfaasje: 160 km/o
  • Bewapening: gjin

It freem fan in Horsa bestie út 30 aparte dielen dy't foar it grutste part fan hout makke wiene. De firma Airspeed hie dêrfoar in spesjale houtbewurkingsôfdieling yn it wurk. De dielen waarden by ferskate RAF-ûnderhâldswerkplaatsen gearstald ta komplete tastellen, dy't útrisd wienen mei allinne de alderneedsaaklikste ynstruminten. Der waard nammentlik op rekkene dat sa'n tastel mar ienris brûkt wurde soe; it soe by de lâning wol sa skansearre reitsje dat it ôfskreaun wurde koe. De ynstruminten wienen in loftsnelheidsmeter, in sleepkabelyndikator, in hichtemeter en in meter dêr't de hoekeôfwiking t.o.f. de horizon mei ôflêzen wurde koe. Dit lêste ynstrumint wie it wichtichste want it joech de fleander krekt foar de lâning de krekte horizontale wjukyndikaasje, nedich foar in feilige lâning.

De Horsa's waarden flein troch spesjaal oplate fleanders. Dit wienen allegear offisieren en ûnderoffisieren dy't sawol (sweef)fleander as ynfanterist wienen. Allegear hearden sy ta it Army Glider Pilot Regiment.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Flint, Keith. Airborne Armour: Tetrarch, Locust, Hamilcar and the 6th Airborne Armoured Reconnaissance Regiment 1938-1950. Solihull, W. Midlands, UK: Helion & Company Ltd, 2006. ISBN 1-874622-37-X
  • Harclerode, Peter. Wings Of War: Airborne Warfare 1918-1945. London: Weidenfeld & Nicolson, 2005. ISBN 0-30436-730-3.
  • Otway, Lieutenant-Colonel T.B.H. The Second World War 1939-1945 Army: Airborne Forces. London: Imperial War Museum, 1990. ISBN 0-90162-75-77.
  • Smith, Claude. History of the Glider Pilot Regiment. London: Pen & Sword Aviation, 1992. ISBN 1-84415-626-5.
  • Dank, Milton. The Glider Gang: An Eyewitness History of World War II Glider Combat. London: Cassel, 1977. ISBN 0-30430-014-4.