Springe nei ynhâld

Earehôf Skarl

Ut Wikipedy
Earehôf Skarl

Earehôf Skarl leit op it tsjerkhôf yn de buorskip Skarl yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân flak by de Iselmar. It tsjerkhôf leit op in terp dêr 't oant 1723 in tsjerkje stien hat. It earehôf leit deun njonken de klokkestoel. Op it earehôf lizze 5 alliearde militêren, fan trije fan harren binne de nammen witten, de twa oaren binne loftmachtmilitêren dy 't oant no ta ûnbekend bleaun binne. Op de stiennen steane de folgjende nammen:

Namme Funksje Underdiel Skwadron Ferstoarn Alderdom
Antony Talbot Percy Considine Waarnimmer Royal Air Force Volunteer Reserve 49e Squadron 10-04-1942 20 jier
Thomas Christopher Quinlan Boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve 101e Squadron 02-08-1941 23 jier
Richard Gerald Rowlands Loftmachtoffisier Royal Australian Air Force 207e Squadron 05-09-1942 25 jier
An airman of the 1939-1945 war
(In fleaner út de oarloch 1939 -1945)
Royal Air Force 06-10-1942
An airman of the 1939-1945 war Royal Australian Air Force 09-07-1942

Op 10 april 1942 waard in Handley Page Hampden, de AE421 fan it 49e swakadron, op in missy nei Essen oanfallen troch in Dútske nachtjager. Foar de kust fan Inkhuzen stoarte it fleantúch yn de Iselmar. De fjouwer bemanningsleden ferlearen dêrby it libben. Ien bemanningslid, de radio-telegrafist/boardskutter T.H. McGrenery, wurdt oant no ta mist. It stoflik omskot fan de boardskutter, A.T.P. Considine, spielde op 26 maaie 1942 oan by Laaksum en waard op earehôf Skarl beïerdige. It stoflik omskot fan de boardskutter J.W. Wilkinson spielde oan op de Noarske kust. De piloat R.P. Worthy leit begroeven op earehôf Ald-Leusden by Amersfoort.

Op 5 septimber 1942 stoarte in Lancasterbommesmiter, de R 5755 fan it 207e Squadron, eastlik fan Medemblik yn de Iselmar. Der wurdt tocht dat it fleantúch delsketten waard troch in Dútske jager. Alle 7 bemanningsleden ferlearen it libben. Piloat R.G. Rowlands leit op dit earehôf. De oaren:

  • Radio-telegrafist J.C. Luton leit op it earehôf Starum
  • Waarnimmer A.B. Hastings waard beïerdige op it earehôf De Lemmer
  • Boardskutter J.W. Atkinson en waarnimmer F.J.C. Barnes lizze op it earehôf Bergen yn Noard-Hollân
  • Boardwurktúchkundige G. Fleck en boardskutter C.V. Pattison wurde beide oant no ta mist.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: