Earehôf De Gerdyk
Appearance
It earehôf De Gerdyk leit op it algemiene begraafplak fan De Gerdyk oan de súdkant fan dat plak. Op it begraafplak lizze seis grêven dy’t ûnderhâlden wurde troch de Commonwealth War Graves Commission. Op de grêven steane ûndersteande nammen:
Namme | Funksje | Underdiel | Sq | Ferstoarn | Leeftiid |
---|---|---|---|---|---|
William Ronald Balls | Radio-telegrafist/boardskutter | Royal Air Force Volunteer Reserve | 9e Squadron | 08-09-1941 | 20 |
Robert Arthur Banks | Piloat | Royal Air Force Volunteer Reserve | 9e Squadron | 08-09-1941 | 21 |
Walter Basil Lowe | Waarnimmer | Royal Air Force | 9e Squadron | 08-09-1941 | 28 |
Alan Scotland Macdonald | Boardskutter | Royal Air Force Volunteer Reserve | 9e squadron | 08-09-1941 | 27 |
Jack Cyril Saich | Piloat | Royal Air Force Volunteer Reserve | 9e Squadron | 08-09-1941 | 20 |
Eric Trott | Radio-telegrafist/boardskutter | Royal Air Force Volunteer Reserve | 9e Squadron | 08-09-1941 | 20 |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 8 septimber 1941 wie in Wellingtonbommesmiter, de Z8871 fan it 9e Squadron, op missy nei Berlyn doe’t er oanfallen waard troch in Dútske nachtjager. It tastel stoarte koart dêrop del op de Brêgeleane yn Terwispel. Alle bemanningsleden kamen by de crash om it libben. Se lizze begroeven op dit earehôf. Dy nacht stoarte noch in bommesmiter fan itselde type by Drachtster Kompenije del.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory earehôf De Gerdyk fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|