Dykster Feart
Appearance
De Dykster Feart is in feart yn de gemeente Dongeradiel. De feart rint fan Moarre nei it noardeasten oant de Boltawei. De Boltawei is de wei fan Peazens nei Eanjum. De Dykster Feart wurdt beskôge as in natuerlik wetter. De namme Dykster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Dijkster Vaart.