Dykmarkearring
In dykmarkearring is in teken op de weidek om bestjoerders en fuotgongers it krekte paad oan te wizen. Ienheid yn sokke markearrings is wichtich om betizing en ûnwissens tefoaren te kommen. Der binne ferskate soarten markearrings, sa as meganysk en net-meganysk. Markearrings besteane út pylken, streken om rydstripen oan te tsjutten, ûnderbrutsen en trochlutsen linen, haaietosken, oergong foar fuotgongers oer in dyk hinne, it sebrapaad, stopstripen, linen om parkearplakken oan te tsjutten, ensafuorthinne. Alhoewol't lannen besykje harren markearrings oerienkomme te litten, besteane der dochs in bytsje ferskillen.
Dykmarkearrings wurde oanbrocht troch dykmarkearringsark. Guon dykmarkearrings befetsje reflektors, om yn tsjuster better sjen te kinnen, en rammelstripen, dêr't in reau by dy't oer de line rydt, in triljend lûd makket.
Ek kin der in tydlike markearring oanbrocht wurde, sa as bygelyks by dykkonstruksje, dêr't ferkear oer oare stripen laat wurde moat.
Soarten markearrings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meganyske markearrings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meganyske markearrings binne oanbrocht yn de weidek, mar stekke justjes boppe de weidek út, om sjoen te wurden. Guon dêrfan binne reflektoarysk en oaren binne net-reflektoarysk, en de measten binne permanint, wylst guon dat net binne.
- Katte-each; is in retroreflektor dy't as markearring oan de rânen fan de rydbaan en oan de grinzen fan rydstripen oanbrocht. Wannear't yn tsjuster reauwen mei de koplampen der op skine, ljochtsje se op.
- Rammelstripen; is in stripe mei ribbels op de dyk om de bestjoerder te warskôgjen. Rammelstripen binne almeast 1 sm djip en 10 sm breed. Rammelstripen dwers op de dyk warskôgje de bestjoerder wannear't er tichter by in gefaarlik punt komt. Rammelstripen kinne ek yn de rydrjochting op de sydkant fan de dyk of oan de middenstreek oanbrocht wurde ta warskôging wannear't in bestjoerder oer de line rydt, der in triljend lûd ûntstiet.
Net-meganyske markearrings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ferve, mei of sûnder glêspearels
- Stiennen, dêr't markearrings oanbrocht wurde kinne troch stiennen blokken.
- Termoplast, in materiaal fan keunststof dat troch hjitsjen, oant sa'n 200° Selsius, sêft wurdt.
- Foarfoarme polymeartape, dy't gauris brûkt wurdt foar it markearjen fan stopstripen, sebrapaden, yn- en útrydstripen, spoaroergongen, taksystripen, busstripen en fytspaden.
Noarm en standert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it algemien folgje Jeropeeske lannen it Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens, dêr't beskreaun waard hoe't ferkearstekens en -markearrins der útsjen soene. It Ferdrach is lykwols linich wêrby't guon lannen justjes faninoar ferskille.
Measte Jeropeeske lannen brûke wite streken. Guon lannen, lykas Noarwegen, de Feriene Steaten, en Kanada brûke giele en wite streken. In soad lannen brûke giele, oranje of reade linen om oan te jaan dat rydstripen tydlik feroare wurde omreden wurk oan de dyk.
Yn Frankryk op autodiken binne de bûtenlinen fan de dyk ûnderbrutsen, sa't bestjoerders en de plysje de ôfstân tusken reauwen hifkje kinne.
Yn Israel wurde wite linen brûkt om de skieding tusken rydstripen yn deselde rjochting oan te jaan, wylst giele streken de skieding mei de flechtstripe oanjaan.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân binne alle streken wyt, wylst in trochlutsen giele streek "ferbean te stopjen" oanjout, en in giele ûnderbrutsen streek "ferbean te parkearjen" oanjout. Ek wurde giele streken brûkt foar tydlik markearjen by wurk oan de dyk.
De skieding fan de rydbaan mei de flechtstripe is almeast in trochlutsen wite streek, mei útsûndering by in krusing fan in fytspaad- of fuotgongersoergong, in reed, en parkearfekken by de dyk del. Diken mei twa rydstripen hawwe ien of in dûbele streek yn it midden fan de dyk om de rydstripen faninoar te skieden. In middenstreek bestiet út in ûnderbrutsen streek wannear't der ynhelle wurde mei, en in trochlutsen streek wannear't ynheljen ferbean is.
Op autodiken binne streken om de rydbaan fan de flechtstripe te skieden hast altyd trochlutsen. By ôfslaggen en opritten wurde de yn- en útrydstripen mei blokken fan de haadrydbaan skaat.
Bytiden wurde ek wol ferkearstekens, sa as bygelyks de maksimumfaasje, op de dyk ferve.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de skiednis fan dykmarkearrings sjoch op dizze side:
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
In dyk mei in trochlutsen streek
-
In dyk mei in ûnderbrutsen streek
-
In dyk mei in dûbele streek, mei oan ien kant in trochlutsen en oan oare kant in ûnderbrutsen streek
-
In dyk mei in dûbele trochlutsen streek
-
In dyk mei in dûbele ûnderbrutsen streek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.
|