Dirk van der Veen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Durk van der Veen)
Dirk van der Veen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Durk van de Veen
echte namme Dirk van der Veen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 13 juny 1965
berteplak It Oranjewâld (Fryslân)
stoarn 13 jannewaris 2015
stjerplak Grins (Grinslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre lit. koarte ferhalen, oersettings
bekendste
  wurk(en)
It Tal Mooglikheden Is
   Sawat Uneinich
útjouwer Venus
prizen Rely Jorritsmapriis foar ferhaal Yn it begjin wie der ûnskuld (1997)
jierren aktyf ±19852015
offisjele webside
gjint

Dirk van der Veen (It Oranjewâld, 13 juny 1965Grins, 13 jannewaris 2015) wie in Frysk skriuwer en sosjolooch.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Veen waard berne op It Oranjewâld en gie nei it gymnasium op It Hearrenfean. Neitiid studearre er twa jier medisinen yn Amsterdam, mar dat rûn op 'e non. Nei syn tsjinstplicht ferfolle te hawwen, sette er yn Grins útein mei in nije oplieding, diskear medyske sosjology. Dy stúdzje makke Van der Veen al ôf, mar it slagge him nea om passend wurk te finen. Hy bleau de rest fan syn libben yn Grins wenjen.

Mei help (oangeande it digitalisearjen fan syn teksten) fan syn maat Sjieuwe Borger skreau Van der Veen gedichten en koarte ferhalen, dy't er publisearre yn ferskate literêre tydskriften. Teffens sette er poëzij oer út it Ingelsk, ûnder oaren de anty-oarlochsgedichten fan Siegfried Sassoon (dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch yn 'e rinfuorgen oan it Westfront tsjinne hie). Van der Veen publisearre ien ferhalebondel, It Tal Mooglikheden Is Sawat Uneinich, dy't útbrocht waard troch útjouwerij Venus, fan Trinus Riemersma. Dyselde fûn Van der Veen syn foarnamme te Hollânsk klinken, en makke der 'Durk' fan (ynstee fan 'Dirk'), sadat it boek feitliks ûnder pseudonym ferskynde.

Troch in drege jonkheid dêr't er sels net folle oer kwyt woe (oars as dat it "in púnbult" west hie), foel it Van der Veen swier om kontakten te lizzen. Hy fûn it dreech om oaren te fertrouwen en hold net fan groepen minsken. Meitiid begûn er de oplossing fan syn swierrichheden yn alkohol te sykjen, en sa rekke er oan 'e drank. Hy wie koarte tiid as amtner wurksum by de provinsje Fryslân, mar rekke dy baan kwyt om't er net geskikt wie foar in kantoarbaan fan njoggen oant fiif. Om 2005 hinne krige er in fêste relaasje mei Laura Haafkens, mei wa't er fia de Ferslavingssoarch Noard-Nederlân yn 'e kunde kommen wie. Hja bleaune oant Van der Veen syn dea byinoar.

Mids jannewaris 2015 kaam Van der Veen mei 49 jier te ferstjerren as gefolch fan in troch brân feroarsake koalmonoksidefergiftiging.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2006 – It Tal Mooglikheden Is Sawat Uneinich (koarte ferhalen)
  • 2012 - Semper Avanti (ferhaal)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Vries, Sietse de, Einzelgänger Dirk werd Durk, yn: de Ljouwerter Krante (rige In Memoriam), 6 febrewaris 2015.