Durk fan Hollân (biskop)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Durk fan Hollân (11?? - Pavia, 28 augustus 1197) wie biskop fan Sticht Utert yn 1197.

Durk fan Hollân wie in soan fan greve Durk VI fan Hollân en Sofia fan Bentheim en dêrtroch in broer fan greve Floaris III en biskop Boudewyn II.

Dirk waard yn 1196 domproast yn Utert. Nei de dea fan syn broer waardie troch de Hollânske partij as kandidaat foar de Utertske sit nei foaren skood, dêrby stipe fan keizer Hindrik VI. Gelre kaam mei Arnold fan Isenburg, mei stipe fan de paus en de aartsbiskop fan Keulen. Dêrtroch ûntstie in ympasse mei erkenning fan Durk as biskop fan it Nedersticht en Arnold fan Isenburg as biskop fan it Oersticht.

Beide kandidaten reizgen dêrnei nei Rome, dêr't Arnold yn 1196 troch paus Innosentius III ta biskop fan Utert wijd waard. Rillegau dêrnei kaam er te fersjerren en waard Dirk I dochs noch konsakrearre. Hy stoar op de weromreis fan Rome nei Utert yn Pavia.