Pavia (stêd)

Ut Wikipedy
Pavia
Polityk
Lân Itaalje
Regio Lombardije
Provinsje Pavia
Boargemaster Massimo Depaoli
Sifers
Ynwennertal 71.297 (2013)
Oerflak 62 km²
Befolkingsticht. 1150 / km²
Hichte 77 m
Oar
Tiidsône CET UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Gemeente Pavia
De Ticino yn Pavia

Pavia is in stêd yn de Italjaanske regio Lombardije. It is de haadstêd fan de provinsje Pavia. Pavia leit yn de Poflakte, 25 kilometer besuden Milaan. De rivier Ticino streamt troch de stêd, in stikmannich kilometers foardat er in de Po útmûnet.

Yn de tiid fan it Romeinske Ryk hjitte de stêd, lykas als de rivier Ticinum. Doe't nei de delfal fan dat ryk ferskate Germaanske folken de kontreien ynfoelen waard de stêd fan strategysk belang. Under de namme Papia wie Pavia fan de 7e iuw ôf oan de haadstêd fan de Longobarden. De stêd krige yn de 14e iuw in universiteit. Yn dy perioade waard de dom ek boud.

Hjoeddedei is Pavia ien fan de yndustriële sintrums op de Poflakte, spesjalisearre yn ûnder mear fiedingsmiddelen, gemy en tekstyl. Yn de Enoteco regionale is in permaninte útstalling fan winen út Lombardije ynrjochte. Acht kilometer fan de stêd ôf leit it Certosa di Pavia, in bekend kartuzerkleaster mei in protte let-romaanske en goatyske keunstúterings.

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Pavia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Pavia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]