Draachbere spulkompjûter

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Nintendo Game Boy út 1989 wie de earste draachbere spulkompjûter dy't op de merk brocht waard
Atari Lynx út 1989, de earste mei in kleureskerm
Sega Game Gear út 1991
PlayStation Portable fan Sony lansearre yn 2005 yn Europa

In draachbere spulkompjûter, draachbere spulkonsole of handheld game console is in spulkompjûtersysteem spesifyk makke om fideospultsjes op te spyljen. Mar oars as by gewoane spulkompjûters, dy't faak de telefyzje as byldskerm brûke, is by draachbere spulkompjûters in byldskerm ynboud.

De merk foar de draachbere spulkompjûter rint aardich los fan de ûntwikkelingen fan de oare spulkompjûters.

Nintendo produsearre ein jierren tachtich de Game Boy. De iennige dy't it wurdich wie om te neamen kwa konkurrinsje wie om dy tiid hinne de Atari Lynx. Dy lêste wie technysk fierwei superieur, mar troch it enoarme oanbod oan kwalitatyf goeie Game Boy-spultsjes en de legere priis fan de Game Boy sels berikte de Game Boy in folle grutter sukses. De yn begjin jierren njoggentich lansearre Sega Game Gear koe hjir net in soad oan feroarje en wie foar itselde lot opskreaun as de Atari Lynx. It grutste probleem fan de Sega Game Gear wie it hege enerzjyferbrûk (6 AA-batterijen). De Sega Game Gear ferbrûkte dy seis batterijen yn trije oant fiif oeren, benammen dochs it ferljochte skermke. Sega hat it yn Japan en de Feriene Steaten noch ris probearre mei de Sega Nomad, in handheld dy't de spultsjes fan de Sega Mega Drive spylje koe. Dizze handheld is nea yn Europa útjûn.

Yn 1998 kaam SNK mei de Neo-Geo Pocket, dy't in heal jier letter al opfolge waard troch de Neo-Geo Pocket Color. De Neo Geo Pocket wie technysk superieur oan de Game Boy en krige hiele positive reaksjes fan de parse, mar it grutte publyk liet it systeem links lizze. Yn 1999 ferdwûn de Neo Geo Pocket yn it Westen en ek yn Japan wie it dêrnei gau oer.

Yn 1999 lansearre Bandai op de Japanske merk de Wonderswan, dy't konkurrearje moast mei Nintendo's Game Boy en SNK's Neo-Geo Pocket. De Wonderswan waard opfolge troch de Wonderswan Color.

Begjin 2000 lansearre Nintendo de Gameboy Advance, wêrby't de draachbere spulkompjûter wer by de tiid brocht waard. Dêrnei is de Gameboy Advance SP lansearre, dy't in lytsere ynklapbere ferzje is mei ynboude skermferljochting. Yn 2004 kaam Nintendo mei in nije handheld; de Nintendo DS. Letter yn itselde jier kaam Sony mei de PSP (Playstation Portable). Hjirmei liek der einlik konkurrinsje te ûntstean op de handheld-merk. Beide systemen ferskille gigantysk. De Nintendo DS hat twa skermen boppe-inoar yn de styl fan de âlde Game & Watch, wêrfan't de ûnderste in touchscreen is. Dêrneist is der ek noch de Playstation Portable dy men fergelykje kin mei in soarte draachbere Playstation 2.