Springe nei ynhâld

Dour (rivier)

Ut Wikipedy

De Dour is in lytse rivier yn it greefskip Kent, yn Dover, Ingelân. Hy rint fan de doarpen Temple Ewell en River troch it doarp Kearsney. De stream is rûchwei 4 km lang.

Oarspronklik hie de steam in wiid estuarium op it plak dêr't no Dover leit. It estuarium wie in natuerlike haven foar bewenners en keaplju yn de Brûnstiid. Yn 1992 waarden de oarbliuwsels fan in seefêste boat (fan 3.500 jier âld) út de Brûnstiid fûn, no te sjen yn it museum fan Dover.

It estuarium fan de Dour by de Romeinske stêd Dubris waard dêrnei de haven foar de Romeinske float.
Yn de Midsiuwen slike it estuarium lykwols ticht en waarden der keunstmjittige havens oanlein.

De rivier hat sûnt it jier 762 tal fan wettermûnen fan enerzjy foarsjoen. Dêr wiene acht nôtmûnen en fiif papiermûnen by.

Oare yndustryen oan de rivier wiene izerjitterijen, seachmûnen en in loaierij. [1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.dover-kent.co.uk/places/river_dour.htm