Springe nei ynhâld

Dornier Do 17Z

Ut Wikipedy
Dornier Do 17Z


Rol Bommesmiter, nachtjager
Makker Dornier
Earste flecht 23 novimber 1934
Yn tsjinst 1937
Ut tsjinst 15 septimber 1952 (Finske Loftmacht)
Tal makke 2.055 (1934-oktober 1940)
Grutste brûkers Luftwaffe, Joegoslaavje, Finlân, Spanje
Fariant Dornier Do 215

De Dornier Do 17Z wie in bommewerper fan de Dútske Luftwaffe, dy't fral yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ynset waard, bygelyks yn de slach om Ingelân, mar earder ek al yn de Spaanske Boargeroarloch (1936-1939).

It tastel mei de bynamme Fleanend Potlead waard nei dy slach net mear produsearre, it wie ferâldere. It ûntwerp wie fan 1934 en wie oarspronklik bedoeld as postfleantúch. Wol bleau it tsjinst dwaan as treningsfleanmasine en as nachtjager.

Doe't it yn 1937 troch de Luftwaffe út de kast helle waard, útrist mei Daimler-Benz DB 600A motors, wie it de jagers út dy tiid noch de baas (as Schnellbomber), mar doe't dat type motors nei de Messerschmitt Bf 109 giene en Dornier mei lichtere moters ta moast, wie it gjin partij foar jagers as de Hawker Hurricane en de Spitfire. Ek oan it Eastfront foldie it tastel net langer.

Fleanders hâlden wol fan it tastel om't it sterk, stabyl en betrouber wie. De Do 17 hie gjin bepânsering.

Yn totaal binne der goed 2.000 fan boud en hat it tsjinne by ferskate Jeropeeske loftmachten.

Technyske feiten (Do 17 Z-2)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In Do 17Z fan Stab/KG 3 1940
Do 17Z-1 1940 yn de kriich tsjin Frankryk
  • Spanwiidte: 18,00 m
  • Langte: 15,80 m
  • Hichte: 4,60 m
  • Fleugeloerflak: 55 m²
  • Oandriuwing: 2 stjermotoren Bramo 323 P fan 1000 HK it stik
  • Heechste faasje: 410 km/o op 4000 m (by 8000 kg)
  • Tsjinstplafond: 8200 m (by 8000 kg)
  • Fleanberik: 1160 km mei 500 kg bommen, sa'n 660 km mei 1000 kg bomlading
  • Maks. startgewicht: 8500 kg
  • Bemanning: 4
  • Bewapening: ien as twa 7,92-mm-MG beweechber op plakken oan de sydkant, rêch, ûnderkant en noas fan de romp; 1000 kg bommen ynwindich

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Dornier Do 17