Dordtske gevel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Huis de Sleutel is in foarbyld fan in Dordtske gevel

In Dordtse gevel is in renessânse geveltype dat yn de stêd Dordrecht ûntwikkele waard, mar ek op oare plakken wol te sjen is.

in Dordtske gevel is in trepgevel dy't fierders as skaaimerk hat: rûnbôgen boppe de finsters mei in nis fersierd mei in trijefâldich klaverblêd, in oantalkopkes as fersiering en faak boppe de ûnderpui nog twa ferdjippings.

De âldste gevels binne fan 1550 ôf -, mar de measte binne tusken 1650 en 1795 boud.

De Dordtske gevel waard boud as masterproef foar it mitselersgilde fan Dordrecht, dêr't alle kanten fan it it mitseljen yn nei foaren komme koe. It ûntwerp waard súver net wizige doe't der nije arsjitektonyske stilen opkamen. Yn 1725 vbeslette it gemeentebestjoer dat de Dordtske gevels net mear fan pas kamen yn de deftige strjitten fan de stêd en hjitte it gilde dat mitseldersproeven allinnich noch yn efterôfstrjitten útfierd wurde mochten. Sa komt it dat dizze gevels ek yn lytse strjitten oan de râne fan de binnenstêd te finen binne. Nei it opheffen fan de gilden yn 1795, waard de tradysjonele Dordtske gevel net mear boud.. Om 1900 hinne kaam dizze styl koarte tiid werom as histoarisearjende neostyl.

By de yngripende sanearing fan dielen fan de binnenstêd yn de 60er jierren fan de 20e iuw binne in protte efterstrjitsjes sloopt. De moaiste gevels binne doe lykwols oarbrocht nei de Hofstrjitte en de eastlike side fan it Statenplein. De Hofstrjitte krige sa it skildereftige karakter dy't it no hat.

Om 1900 hinne wiene der noch sa'n 150 Dordtske gevels yn Dordtrecht, der binne noch sa'n 50 fan oer.

Bûten Dordrecht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dordtse boumasters hawwe ek yn oare steden oan't wurk west en dêr Dordtske gevels set. Foarbylden dêrfan wurde fûn yn Delft, Woudrichem, Haarlim, Ljouwert en Grave.

Fotogalery Dordtske Gevels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]