Domtsjerke fan Parma
Domtsjerke fan Parma
Duomo di Parma | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Emilia-Romagna | |
plak | Parma | |
koördinaten | 44° 48' N 10° 19' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Parma | |
patroanhillige | Marije-Himelfeart | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Benedetto Antelami | |
boujier | Sûnt 1074 | |
boustyl | Romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side aartsbisdom | ||
Kaart | ||
De Domtsjerke fan Parma (Italjaansk: Duomo di Parma; ek Cattedrale di Santa Maria Assunta, Katedraal fan Marije-Himelfeart) is in roomske katedraal yn Parma yn 'e Noard-Italjaanske regio Emilia-Romagna. De oan 'e himelopname fan Marije wijde katedraal is de sit fan it bisdom Parma. It tsjerkegebou is in wichtich romaansk monumint, mar benammen de koepel mei in fresko fan 'e renêssânse skilder Antonio da Correggio is it besjen wurdich.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it hjoeddeiske domplein bestie al yn 'e 4e of 5e iuw in ier-kristlike tsjerke, dy't nei alle gedachten oer in heidensk hillichdom boud wie. Sûnt 860 waard tichteby útein set mei de bou fan 'e Marijetsjerke, de lettere katedraal. Nei de ferneatiging fan 'e tsjerke troch in brân waard yn 1074 in begjin makke mei de bou fan 'e tsjintwurdige dom. De goatyske klokketoer waard yn 'e jierren 1284-1294 tafoege.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal is in trijeskippige basilyk mei in krúsfoarmich grûnplan. Se fertsjintwurdiget benammen de romaanske arsjitektuer, mar de klokketoer is goatysk. It neamen wurdich is de portaalgevel mei twa horizontale rigen en in oan 'e gevel oanpaste rige fan arkades. De gevel hat trije tagongen, foar elts skip ien.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppe de krusing stiet in achthoekige toer, dy't mei in koepel oerwulfe is. Antonio de Correggio brocht yn 'e koepel in fresko oan fan 'e opname fan Marije yn 'e himel. Syn fresko fûn in soad neifolging fan it tema yn in soad oare barokke keunstwurken. It tsjerkeskip is dekorearre mei fresko's fan Correggio's learlingen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis oer de oargels fan 'e katedraal is mei help fan dokuminten oant 1480 werom te fieren. Hjoeddedei besit de katedraal trije oargels: it haadoargel oan 'e muorre fan it middenskip, in koeroargel en in lyts oargel yn 'e krypte. It haadoargel fan it middenskip giet werom op in nijbou út 1786, dat de bruorren Serassi yn in, yn dy tiid al besteand, 16e-iuwske oargelkas bouden. Yn 1942 waard it oargel ôfbrutsen, mar yn 1999 rekonstruearre de oargelboufirma Mascioni dat ynstrumint mei behâld fan 'e âlde oargelkas en it noch besteande piipmaterjaal.
It ynstrumint hat 37 registers op twa manualen en pedaal. De traktueren binne mechanysk.
Doopkapel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oan Jehannes de Doper wijde doopkapel (Baptisterium San Giovanni) stiet súdwestlik fan 'e domtsjerke en is ien fan 'e wichtichste yn syn soarte. It achthoekige bouwurk stamt út 1196-1216 en waard fan binnen mei âld- en nijtestamintyske foarstellings beskildere.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kapitelen
-
Krypte
-
Doopkapel
-
Sint-Agatakapel
-
"De Krusiging" (Bernardino Gatti)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|