Domtsjerke fan Mantua

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Domtsjerke fan Mantua

Duomo di Mantua

Dom S.Pietro 2.jpg
lokaasje
lân Flag of Italy.svg Itaalje
regio Flag of Lombardy.svg Lombardije
provinsje Mantua
plak Mantua (Mantova)
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1401-1761
boustyl Maniërisme

De Domtsjerke fan Mantua (Italjaansk: Duomo di Mantova; Cattedrale di San Pietro apostolo of Katedraal fan de apostel Petrus) yn Mantua, Lombardije, is in oan Petrus wijde roomsk-katolike katedraal en de biskopstsjerke fan it bisdom Mantua.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke op in skilderij fan Domenico Morone út 1494

De oarspronklik ierkristlike tsjerke waard yn de midsiuwen (nei alle gedachten troch Matilda fan Toskane) yn romaanske styl boud. Ut dy tiid datearret noch de klokketoer. De tsjerke waard tusken 1395 en 1401 ûnder tafersjoch fan Francesco I Gonzaga werboud. De troch Jacobello en Pierpaolo dalle Masegne ûntwurpen moarmeren gevel fan dy tsjerke mei it oerdekte portaal, roasfinsters en pinakels is noch op in skilderij fan Domenico Morone yn it Palazzo Duvale te sjen. Yn dy tiid wiene oan beide kanten fan de dom in rige mei goatyske kapellen oanboud, dy't mei tuorkes en gevels fan moarmer en terrakotta fersierd wiene. Oan de súdlike kant is dy muorrestruktuer noch jimmeroan te sjen.

De domtsjerke waard nei in brân yn 1545 op 'e nij boud troch de maniëristyske arsjitekt Giulio Romano, mei behâld fan de westlike gevel en de bûtenmuorren. It ynterieur dêrfoaroer waard yngripend feroare en yn in op in ierkristlike ferzje fan de Pitersdom yn Rome lykjende foarm brocht. Nei de dea fan Giulio Romano yn 1546 bleau it wurk foar lange tiid lizzen en dêrnei ûnder lieding fan Giovan Battista Bertani fuortset, dy't nei alle gedachten it bouplan benammen foar it koer oanpaste. Nei in inisjatyf fan biskop Antonio Guidi di Bagno waard de hjoeddeiske moarmeren gevel tusken 1756 en 1761 troch de romeinske Nicolò Baschiera boud, dy't ek yn it Eastenrykske leger tsjinst die.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur
Koepel

It ynterieur fan de domtsjerke hat de foarm fan in latynsk krús. De romten wurde troch fjouwer rigen pyldes mei korintyske kapitelen yn fiif skippen ferdield. Wylst de twa bûtenste skippen en it middenskip flakke plafonds hawwe, binne de oare skippen mei in tonferwulft oerkape. Lâns de sydskippen leit oan beide kanten in rige kapellen, dy't mei maniëristyske keunstwurken fan lokale keunstners fersierd binne (de wichtichste skilderijen fan Paolo Veronese en Giulio Campi binne lykwols net mear yn Mantua). De koepel boppe de krusing is mei fresko's fan it Paradys beskildere. Fierders binne der keunstwurken lykas in ierkristlike sarkofaach, de 14e-iuwske fresko's fan de doopkapel, de Cappella dell’Incoronata en de sakristy (eartiids de Capella dei Voti) mei it troch in learling fan Andrea Mantegna beskildere ferwulft. It haadalter is yn moarmer útfierd en wurdt bekroand mei in grutte houten krusifiks.

Yn de dom binne de grêven te finen fan in grut tal biskoppen, kardinalen en oare persoanen dy't in rol spilen yn de skiednis fan de stêd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Italjaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: it:Duomo di Mantova