Domtsjerke fan Aalborg
Domtsjerke fan Aalborg | ||
Lokaasje | ||
lân | Denemark | |
Regio | Noard-Jutlân | |
plak | Aalborg | |
adres | Algade 40 | |
koördinaten | 57° 2' N 9° 55' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Aalborg | |
patroanhillige | Sint-Botulfus | |
Webside | ||
Hiemside bisdom Hiemside domtsjerke | ||
Kaart | ||
De Sint-Botolftsjerke (Deensk: Budolfi Kirke) yn 'e Deenske stêd Aalborg is de sit fan it lutherske bisdom Aalborg.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Patroanhillige fan 'e domtsjerke is de 7e-iuwske hillich ferklearre Angelsaksyske abt Botolf. Yn Denemark wiene eartiids sân tsjerken oan de hillige wijd, wêrfan allinne de tsjerken fan Aalborg en op Bornholm de namme holden hat.
Foar de reformaasje wie de Botolftsjerke net in katedraal. Dy stie doe yn Børglum. Nei de reformaasje waard yn 1553 besletten dat de biskopssit nei Aalborg ferhûzje moast.
De tsjerke waard om 1450 hinne boud. Pas na de reformaasje waard de tsjerke in lutherske biskopstsjerke.
Healwei de 15e iuw waard it goatyske skip boud en de toer folge yn 'e jierren 1778-1790. De goatyske spits fan 'e toer wurdt tsjintwurdich bekroand fan it Aalborger stedswapen. Yn 1817 krige de toer fjouwer wizerplaten en op de súdlike kant in sinnewizer. Yn 'e toer hingje trije klokken.
Yn 1899 waard in sakristy oan it noardlike sydskip boud. Yn 'e jierren 1942-1943 waard it koer 14 meter langer makke en oan it noardlike skip in kapel tafoege. Hjoed-de-dei is de tsjerke 56 meter lang en 22 meter breed.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1500 hinne waarden de ferwulften mei fresko's beskildere. De status as domtsjerke wurdt wjerspegele yn it rike meubilêr. It ierbarokke alter mei in foarstelling fan 'e krusiging waard yn 1689 troch Lauritz Jensen makke. Op 'e predella fan it alter wurdt it Lêste Nachtmiel útbylde en yn it boppeste diel in skilderij fan de grêflizzing fan Jezus.
De preekstoel datearret fan 1692 en is ek troch Lauritz Jensen makke. Op tsien panelen wurdt dêr it lijen fan Jezus útbylde.
It doopfont fan wyt moarmer is in skinking fan 1728. Oan 'e noardlike kant waard yn 1766 in lôzje foar de kening ynboud.
Fierder binne der in stikmannich epitafen. De belangrykste dêrfan binne dy fan Karine Hansdatter út 1583 (renêssânse) en it ierklassisistyske epitaaf foar Jacob Himmerig fan 1773-1774.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske oargel stiet op 'e westlike kreake en waard yn 1959 troch Marcussen & Søn út Aabenraa boud. It sleeplade-ynstrumint hat 43 registers op trije manualen en pedaal en stiet efter in histoaryske oargelkas fan Hartvig Jochum Müller út it jier 1749. De traktueren binne mechanysk, de registertraktueren ek elektrysk. Om't it rêchposityf by de nijbou fan 1959 nij tafoege waard, wie dat doe in nij ûntwerp fan Leopold Teschl. It passe lykwols wat styl oanbelanget net goed by de histoaryske oargel kas en waard dêrom yn 2007 oanpast.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: op dizze side.
|