Dominylyster

Ut Wikipedy
Dominylyster
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Lysterfûgels (Turdidae)
soarte
Turdus torquatus
Turdus torquatus alpestris

De Dominylyster (Turdus torquatus) is in 25 sm grutte fûgel út de famylje fan de Lysterfûgels. Hy is hielendal swart lykas de Klyster, mar toch goed te ûnderskieden troch de brede wite bân op syn boarst, dêr't er ek syn namme oan te tankjen hat.

Oare Fryske nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dominylyster wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Beflyster, Dominy, Dûmnylyster, Krânslyster as Ringlyster.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dominylyster komt selden foar yn Nederlân, en dan allinnich op trochtocht. Dominylysters briede yn it berchtme , yn it noarden yn Skotlân en Skandinaavje, en ek yn de Alpen. Winterdeis lûke de fûgels nei de lannen by de Middellânske See. Soms binne se yn de maaitiid of yn de hjerst yn Nederlân te sjen, fral oan de kust, at se ûnderweis binne.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It nêst is, lykas by de measte Lysters, moai rûn en meast leech by de grûn yn 'e strûken. De 4-5 aaien wurde yn 2 wike útbred, wêrnei de jongen ek noch 2 wike yn it nêst bliuwe.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dominylyster yt meast wjirms, slakken en ynsekten. Yn de hjerst ite de fûgels in protte beien.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]