Springe nei ynhâld

Dominicus Arumaeus

Ut Wikipedy
Dominicus Arumaeus
persoanlike bysûnderheden
echte namme Douwe fan Arum
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1579
berteplak Ljouwert
stoarn 24 febrewaris 1637
stjerplak Jena
etnisiteit Frysk
wurkpaad
aktyf as Jurist, heechlearaar, politikus, abbekaat

Dominicus Arumaeus, latinisearring fan Douwe fan Arum (Ljouwert, 1579Jena, 24 febrewaris 1637) wie in Dútsk rjochtsgelearde fan Frysk komôf.

Hy studearre rjochten yn Frjentsjer (al yn 1593), Oxford, Rostock en as lêste Jena, dêr 't er op 31 maart 1600 troude mei Anna Penitzer. Hy bleau professor, rektor en riedslid yn Weimar en waard op 27 febrewaris 1637 yn Jena beïerdige.

Mei syn Discursus akademici de iure publico (1615-1623) fan fiif dielen wie Arumaeus in pionier op it mêd fan it publykrjocht as apart stúdzjegebiet. Under ynfloed fan it Nederlânske humanisme rjochte syn metoadyske analyze fan it konstitúsjonele rjocht fan it Hillige Roomske Ryk him net langer op it Romeinske rjocht, mar op keizerlike boarnen fan publykrjocht, lykas keizerlike basiswetten en ferkiezingskapitulaasjes.

In protte konstitúsjonele juristen en tinkers dy 't letter ferneamd waarden, wiene syn learlingen, ûnder oare Johannes Limnaeus en Bogislaw Philipp von Chemnitz.

De mora commentarius methodicus, 1608
  • Tractatus methodicus de mora. Jena 1603, 1608 (books.google.de), u. ö.
  • Exercitationes Iustiniani ad Institutiones juris. Jena 1607 (books.google.de).
  • Decisionum et Sententiam. Jena 1608 (books.google.de), 1612
  • Disputationes ad praecipuas Pandectarum et Codicis leges, consuetudines feudales, quatuor Institionum libros. Jena 1613, 1620, 1628.
  • Discursus academici de iure publico. Jena 1616–1623, 5. Bde.; (1. Band books.google.de).
  • Discursus academici ad Auream Bullam Caroli Quarti Romanorum Imperatoris etc. Jena 1617, 1619, 1663 (books.google.de).
  • Commentarius Juridico-historico-politicus de comitiis Romano-Germanici Imperii. Jena 1630, 1660 (books.google.de).