Springe nei ynhâld

Dom fan Sleeswyk

Ut Wikipedy
Domtsjerke Sint-Petrus

De Dom fan Sleeswyk (Dútsk: Schleswiger Dom; offisjeel: Sankt-Petri-Dom zu Schleswig) is in domtsjerke yn de Dútske stêd Sleeswyk. De skiednis fan de tsjerke giet werom op omtrint it jier 1030. It bisdom Sleeswyk waard lykwols al oprjochte yn 948. De tsjerke is wijd oan de apostel Petrus.

Omtrint it jier 850 ûntstie de missytsjerke fan Haithabu. Keizer Otto I joech yn de jierren 947-949 opdracht ta de stifting fan trije nije bisdommen op it Kimbryske skiereilân. Sa koe hy syn ynfloed nei it noarden ta útwreidzje. Earst waard it bisdom Ribe, dan it bisdom Sleeswyk en úteinliks it bisdom Århus stifte. Nei de oprjochting fan it bisdom Sleeswyk yn 947 waard in earste domtsjerke boud. Hjirfan wit men lykwols net dêr't dy stean hat en likemin falt der wat te sizzen oer de ôfmjittings fan dat bouwurk.

Mei de bou fan de Petrusdom op it hjoeddeiske plak waard om likernôch 1100 hinne begûn. Oft dizze romaanske tsjerke al foltôge wie ear't der mei de ferbouwing fan de tsjerke ta in goatyske halletsjerke út ein set waard, is net bekend. Fan de âlde romaanske tsjerke bleau lykwols in soad fan de âlde tufstiennen basilyk bewarre. It âldste dokumintearre bewiis fan de Petrusdom giet werom ta it jier 1134.

Yn alle gefallen begûnen hja al rillegau nei de bou fan it romaanske dwersskip mei nij wurk. Tusken 1275 en 1300 ûntstie it heechgoatyske hallekoar en de krúsgong. De romaanske basilyk waard fan 1200 oant 1408 ta in letgoatyske halletsjerke ferboud en úteinlik yn de 16e iuw foltôge. Mar pas oan it ein fan de 19e iuw, doe't Sleeswyk in prusyske provinsjehaadstêd waard, krige it eksterieur fan de domtsjerke syn hjoeddeiske foarm. Yn 1888 waard op fersyk fan keizer Wilhelm II út ein set mei de bou fan de neogoatyske toer, dy't yn ferhâlding ta de tsjerke winliken al te heech is en yn 1894 ree kaam. De bou waard betelle út de Frânske herstelbetellings oan it Dútske Ryk.

Op in hichte fan 65 meter is in platfoarm dat in moai útsicht op de stêd, de Schlei en de eardere fiskersdelsetting Holm jout. Yn it ramt fan rûnliedingen binne ek de klokken boppe it platfoarm te besjen. Njonken it goatyske Trijekeningen-alter (likernôch 1300) yn it súdlike bykoer, in brûnzen doopfont yn it heechkoer út it jier 1480 (taskreaun oan Hinrich Klinghe) en it mear as fjouwer meter hege houten byld fan Kristoffel fan Hans Brüggemann is it pronkstik fan de dom it ferneamde Bordesholmer alter.

De domtsjerke hat in lingte fan ûngefear 100 meter.

Romaansk portaal
Krúsgong
Ynterieur
Krúsigingsgroep
Bordesholmer alter
Oargel
Doopfont
Kânsel

De besiker komt troch it romaanske portaal út ± 1180 de tsjerke yn. Foar de bou fan it portaal binne ferskate boumaterialen tapast: granyt, reade sânstien út Skåne, kalkstien út Gotlân en tufstien út it Rynlân.

Op it timpaan wurdt Kristus op in troan ôfbylde tusken de apostel Petrus en Paulus, de symboalen fan de evangelisten. Dejinge mei in tsjerke yn de hân is nei alle gedachten kening Waldemar I, de stifter fan de tsjerke.

De romaanske liuwen dy't earder by it portaal stiene, krigen letter in oar plak: ien liuw sit njonken it portaal, wylst in oare liuw te finen is by de sakristy fan de koarhearen.

De sakristy út likernôch 1480 wie yn it begjin in romte dêr't de domhearen gearkamen en fan 1567 ôf in auditorium fan de domskoalle. Nei de reformaasje folge de ferbou ta grêfromte foar it foarstenhûs Holstein-Gottorp. It grêfmonumint foar hartoch Friedrich III waard yn 1654 troch de Flaamske byldhouwer Artus Quellinus makke.

Biskop Berthold liet oan de ein fan de 13e iuw it heechkoer fergrutsje en beskilderje. De fresko's toane de Annunsiaasje, it kroanen fan de Hillige Faam, Sint Katharina, Sint Filippus, Sint Petrus, Deësis en in ingel. De koarbanken datearje út it begjin fan de 16e iuw en binne troch in ûnbekende keunstner mei it pseudonym Magister Rusticus makke.

De krúsgong (Schwahl)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krúsgong of de Schwahl hat trije earmen en leit oan de noardkant fan de tsjerke. Oars as de namme tinken docht hat de oanbou út 1310-1320 nea in ûnderdiel fan in kleaster west. Nei alle gedachten waard dizze krúsgong foar prosesjes boud. De namme Schwahl stiet yn it Nederdútsk-Deensk foar "oerdekte koele gong" en yn de krúsgong binne fresko's te sjen út de boutiid mei foarstellings fan it libben fan Kristus en yn it ferwurft blommen en fabeleftige skepsels. De fresko's waarden yn de 19e iuw op 'e nij ûntdutsen en troch Friedrich Olbers yn 1888-1894 bleatlein, restaurearre en oanfolle.[1]

Yn it ramt fan de restauraasje hat Olbers yn 1894 ûnder it fresko fan de Bernemoard yn Bethlehem in fries mei kalkoenen tafoege. De keunstferfalsker Lothar Malskat woe fjirtich jier letter ha dat dit kalkoenenfries ta de oarspronklike beskildering hearde en dus út 1300 stamde. Dêrmei waard it bewiis levere dat de noardlike minske al foar Kolumbus yn Amearika west hie en dat kaam goed fan pas yn de kream fan de nazy's. De fresko's krigen yn de jierren 1930 grutte bekendheid, mar nei ûndersyk fan Kurt Wehlte yn 1948 waard alle twifel weinommen en yn 1952 joech ek Malskat syn ûngelyk ta. Olbers hie al yn 1921 oer syn kalkoenenfries skreaun dat er in flater makke hie mei it ôfbyldzjen fan dizze fûgel yn it fries, om't de fûgel yn de tiid fan it ûntstean fan de fresko's yn Jeropa noch ûnbekend wie.

De toer waard yn de jierren 1888-1894 fan bakstien boud. De tsjerke hat mei in hichte fan 112 meter de op twa nei heechste toer fan Sleeswyk-Holstein. Allinnich de tuorren fan de Marienkirche yn Lübeck en dy fan de dom fan Lübeck binne heger. Nei it ynstoarten fan de dûbele tuorren yn 1275 waard om 1300 hinne in legere, frijsteande toer foar de klokken boud. Prusen trune der yn 1866 op oan om in hege neogoatyske toer oan de tsjerke te bouwen. Yn ferhâlding ta de tsjerke is de toer eins te heech. Nei't de toer yn de perioade 1953-1956 boufallich waard, koe de toer mei in moderne konstruksje fan staalbeton yn stân holden wurde. Dêrnei waard de toer mei in nije bakstiennen skyl ommantele. Hjirby waarden net alle neogoatyske dekoraasjes rekonstruearre, sa't de toer tsjintwurdich yn in ienfâldiger foarm te sjen is.

It Brüggemann- of Bordesholmer alter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It heechalter yn de tsjerke waard tusken 1514 en 1521 troch Hans Brüggemann fan ikehout makke. It is 12,60 meter heech en lit mei 392 figuren de lijensskiednis fan Kristus sjen, fan it finzen nimmen fan Kristus oant de Himerfeart ta. Yn it sintrale gruttere fjild is it dragen fan it krús te sjen en de krúsdea fan Kristus. De twa sydfleugels fertsjintwurdigje de Himelfeart en Pinkster. It hegere middendiel lit Adam en Eva sjen en boppe it gehiel swevet Kristus as Pantocrator.

Oarspronklik waard it alter makke foar de koarhearentsjerke fan it sticht fan de Augustinen yn Bordesholm, mar nei't it sticht troch de reformaasje opheven waard en de dêropfolgjende bestimming yn 1666 opheven waard, krige it alter in plak yn de domtsjerke. It alter waard oan it ein fan de 19e iuw yn Flensburg troch de bekende Dútske keunstskilder Emil Nold restaurearre. It heechbarokke alter fan de tsjerke, dat noch mar 23 jier earder opsteld waard yn de dom, waard verkocht oan de tsjerke fan Neustadt yn Holstein en stiet dêr noch altiten yn de tsjerke.

Goed tritich jier nei de earste protestânske preek yn de tsjerke makke Caeso Eminga (1512-1574) út Grins de bou fan de ryk dekorearre preekstoel mooglik. Eminga wie befreone mei de herfoarmers Bugenhagen en Melanchthon befreundet en wie in tige goed foarme teolooch en waard troch de protestânske biskop Tilemann von Hussen nei Sleeswyk helle om de domhearen te foarmjen, ûnderwiis te jaan en de biskop te helpen mei it preekjen.[2]

Yn it noardlike koerskip stiet it praalgrêf fan Freark I, kening fan Denemark en Noarwegen en hertoch fan Sleeswyk en Holstein. It renêssanse-monumint waard yn 1552 yn it koer opsteld, mar ferhûzeyn 1901 nei it hjoeddeiske plak. It waard makke troch de Flaamske byldhouwer Cornelis Floris. De (lege) sarkofaach wurdt troch seis deugden droegen. It is net mear bekend wêr't it echte rêstplak fan de kening yn de dom leit.

De blauwe Madonna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jürgen Ovens skildere yn 1669 foar de dom de Blaue Madonna, in wurk dat earder de namme fan de Heilige Familie mit dem Johannesknaben droech. It hinget oan in pylder nei it noardlike sydskip yn in pronksk listwurk fan Hans Gudewerdt de Jongere. De blauwe Madonna ûntstie yn de barokke tiid en lit ynfloeden fan de Flaamske skilder Antoon van Dyck sjen.

It brûnzen doopfont waard yn 1480 troch Hinrich Klinghe getten. De dragers fan it doopfont binne fan in lettere tiid en ûnstiene yn de barokke tiid.

Oare keunswurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It troch kânsler Kielmannseck skonken alter mei de allegoaryske foarstelling "Oerwinning fan it Kristendom oer de tsjusternis".
  • In groep libbensgrutte bylden út de lette 13e iuw dy't de oanbidding fan de trije keningen foarstelt.
  • In byldengroep fan de krúsdraging út de 15e iuw.
  • Koarbanken út de 16e iuw.

It hjoeddeiske oargel waard yn 1963 troch de Deenske oargelbouwer Marcussen boud. Dêrby waard it oargelfront yn de steat fan 1701 rekonstruearre, wylst it rêchposityf in nij ûntwerp wie. It neobarokke ynstrumint hat sûnt de restauraasje yn 2001 troch Karl Schuke út Berlyn 65 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schleswiger Dom