Dolle Schaatsnacht
Appearance
De Dolle Schaatsnacht wie in feest dy't sûnt maart 1970 hâlden waard yn de Harmony fan Ljouwert.
De baten wienen bestimd foar jong Frysk reedriderstalint. It inisjatyf fan Henk Heetebrij, Johan Wiggers en Henk Hemminga waard in boppeslach. Op de earste jûn waard f 25000 ophelle. Fiif jier lang waard de Schaatsnacht, dy't mear en mear nasjonaal namme makke, hâlden. De ferbouwing fan de Harmony yn 1975 ûnderbruts de rige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|