Springe nei ynhâld

Dmitri Medvedev

Ut Wikipedy
Dmitri Anatoljevitsj Medvedev
politikus
nasjonaliteit Russysk
bertedatum 14 septimber 1965
berteplak Leningrad
partij Feriene Ruslân
presidint
amtsperioade 2008-2012
premier
amtsperioade 2012-2020
offisjele webside
Side fan Dmitri Medvedev

Dmitri Anatoljevitsj Medvedev (Russysk: Дмитрий Анатольевич Медведев; berne op 14 septimber 1965 yn Leningrad) is in Russyske politikus. Op 7 maaie 2008 waard Medvedev presidint fan Ruslân, nei't er mei 70% fan de stimmen de ferkiezings wûn. Nei't Vladimir Pûtin de Russyske presidintsferkiezings wûn waard Medvedev oant 2020 premier fan Ruslân.

Medvedev foltôge syn stúdzje rjochten yn 1987 oan de Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch en promovearre yn 1990 yn it privaatrjocht. Fan juny 1991 oant juny 1996 wied er juridysk adviseur fan de boargemaster fan Sint-Petersburch. Tagelyk wied er fan 1991 oant 1999 dosint oan de universiteit, dêr't er studearre hie.

In 1999 beneamde Vladimir Pûtin him ta adjunkt-direkteur fan de presidinsjele stêf. Yn 2000 waard er beneamd ta foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan Gazprom, dêr't er ôfweefde mei de grutskalige belestingûntdûking fan it eardere korrupte management. Mei in lytse ûnderbrekking bleau Medvedev dêr oant 2008.

Yn oktober 2003 ferfong Medvedev Aleksander Volosjin as presidinsjele stêfsjef. Yn novimber 2005 stelde Pûtin Medvedev oan as earste fice-premier fan Ruslân. Medvedev wie net lid fan de partij fan Pûtin en waard benammen ferantwurdlik foar de útfiering fan in tal nasjonale projekten fan primêr belang. Yn dy tiid beöardielen in soad waarnimmers Medvedev as in mooglike kandidaat foar de presidintsferkiezings fan 2008, mar Westerske waarnimmers wiene algemien fan betinken dat Medvedev te liberaal en pro-Westersk wie foar Pûtin om him dêr yn te stypjen. Westerske waarnimmers tochten dat Pûtin earder in sterke man foar dy posysje op it each hie, lykas Sergei Ivanov of Viktor Zûbkov. it wie dan ek in grutter ferrassing dat Pûtin nei twa terminen op 10 desimber 2007 Medvedev nei foarren skode as syn opfolger.

Presidintskampanje 2008

Op 2 maart 2008 waard Medvedev keazen as presidint fan Ruslân mei 70,28% fan de stimmen. Trijefearn fan de stimmen wie ôfkomstich fan Pûtin's elektoraat. Ynternasjonale waarnimmers lykas Andreas Gross fan de Parlementêre Gearkomste fan de Ried fan Europa uteren krityk op de ferkiezings troch't der by de ferkiezings bygelyks gebrûk makke wie fan konneksjes mei oare oerheidsynstellingen, lykas media. Ek wiene der klachten oer falsikaasjes troch kieskommisjes. De Russyske programmeur Sjpilkin analisearre de resultaten fan de ferkiezing en kaam ta de konklúzje nei in korreksje fan dy faktor Medvedev likegoed de winner wie mei 63% fan de stimmen.

Inauguraasje fan Dmitri Medvedev op 7 maaie 2008

Op 7 maaie 2008 waard Dmitri Medvedev yn in seremoanje yn it Grutte Kremlyn Paleis de tredde presidint fan de Russyske Federaasje. By de ynauguraasje sei Medvedev:

It is myn wurk om de boargerlike en ekonomyske frijheden fan Ruslân te befoarderjen, sadat Ruslân ien fan'e bêste lannen fan'e wrâld wurdt.

Ynlânsk belied

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op ekonomysk gebiet yntrodusearre Medvedev in programma om de ekonomy en de maatskippij te modernisearjen, de ôfhinklikens fan ynkomsten fan oalje en gas te ferminderjen en it opbouwen fan in mear diverse ekonomy basearre op technology en ynnovaasje. It programma rjochte him op 5 topprioriteiten: doelmjittich enerzjyferbrûk, nukleêre technology, ynformaasjetechnology, medyske technology en farmaseutika en romtetechnology yn kombinaasje mei telekommunikaasje.

It hanthavenjen fan de wet wie yn de herfoarmings fan Medvedev ien fan de spearpunten. Begjin augustus 2010 waard in wetsûntwerp bekend makke, wêr't yn in iepenbiere diskusje boargers op reägearje koene. Op basis fan de feedback waarden ferskillende feroarings oanbrocht yn it ûntwerp. Nei de behanneling fan de wet troch de Dûma en goedkarring fan de Hegerhûs folge op 7 febrewaris 2011 de ûndertekening fan it wetsútstel, dat op 1 maart 2011 yn wurking gyng. Underdiel fan de feroaring wie ek in ferheging fan de salarissen fan Russyske plysjeaginten mei 30%, wylst dy fan it personiel fan it Ministearje fan Ynlânske Saken ferlege waarden.

Op 19 maaie 2008 ûndertekene Medvedev in dekreet oer antykorrupsjemaatregels. Underdiel dêrfan wie de oprjochting fan in antykorrupsjeried. De nije strategy makke hegere boete's, mear tafersjoch en sosjologysk ûndersyk mooglik. Yn jannewaris 2011 moast presidint Medvedev tajaan dat de doelen net helle wiene.

Yn 2009 kaam Medvedev mei in feroaring fan de kieswet dy't de kiesdrompel fan de Dûma fan 7% nei 5% ferlege. It amendemint waard yn'e maaitiid fan 2009 ûndertekene.

Utlânsk belied

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Medvedev mei bûnskânsler Merkel, july 2011

Yn augustus 2008, wylst Medvedev noch mar trije moanne presidint wie, naam Ruslân diel oan de kriich mei Georgje yn Súd-Osseesje. De kriich dreau de spanning nei de Kâlde Kriich tusken de Feriene Steaten en Ruslân ta in heech punt op. Op 26 augustus feardige Medvedev, nei in ienriedige stimming fan de Federale Fergadering fan Ruslân, in presidinsjeel dekreet út wermei't Ruslân Abchaazje en Sud-Osseesje erkende as ûnôfhinklike lannen. Sûnt 31 augustus hantearret Medvedev by it bûtenlânske belied fan Ruslân fiif haadprinsipes:

  • Boppe alles steane de fûnamintele prisipes fan ynternasjonaal rjocht.
  • De wrâld is multypolêr.
  • Ruslân sil gjin konfrontaasje sykje mei oare lannen.
  • Ruslân sil syn boargers beskermje wêr't dy ek binne.
  • Ruslân sil bannen oanhelje mei befreone regio's.
Mei Barack Obama foar de ûndertekening fan it Ferdrach fan Praach (2010)

As andert op it setten fan it Amerikaanske raketôfwarsysteem yn East-Europa ûnthiet Medvedev op 5 novimber 2008 it Iskander-raketsysteem en radarsteuringsfasiliteiten yn de oblast Kaliningrad del te setten. Nei't Barack Obama op 17 septimber 2009 tasei gjin raketôfwarsystemen yn de Tsjechyske Republyk en Poalen del te setten andere Medvedev dat hy it beslút nommen hie ek gjin Iskander-raketten yn de oblast Kaliningrad del te setten.

Minister-president (2012-2020)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 septimber 2011 by in taspraak op it partijkongres fan Feriene Ruslân rikkemandearre Medvedev Pûtin oan as de presidintskandidaat en makke er bekend dat de twa manlju al lang ferlyn ôfpraat hiene om Pûtin yn 2012 werom te heljen foar it presidintskip, nei't dy yn 2008 troch de termynlimyt ferfongen wurde moast (in tredde amtstermyn is net tastien). Pûtin akseptearre it oanbod fan Medvedev en stipe him foar de posysje fan premier fan Ruslân as de oansteande parlemintsferkiezings op 4 desimber 2011 dat foar Feriene Ruslân mooglik meitsje soe. Yn 2011 helle de partij fan Pûtin by de parlemintsferkiezings fan 2011 49% fan de stimmen en dêrmei 238 fan de 450 sitten.

Op 7 maaie 2012, op deselde dei dat Medvedev as presidint einige, waard Medvedev troch presidint Pûtin foardroegen as premier en op 8 maaie waard syn beneaming offisjeel.

Medvedev ferfong Pûtin op 19 maaie 2012 op de G8-top yn Camp David yn de Feriene Steaten. Medvedev wie de earste premier dy't Ruslân fertsjintwurdige op in gearkomste fan de G8.

Op 21 maaie 2012 waard syn kabinet beneamd en goedkard troch presidint Pûtin. Yn wike 21 fan 2012 waard Medvedev as earder ûnôfhinklik polikus lid fan Pûtin's partij en dyselde wyks waard er op 26 maaie beneamd ta foarsitter fan Feriene Ruslân.

Antykorrupsjeprotest yn maart 2017 yn Nizjni Novgorod

Yn septimber 2016 rapportearre de opposysjelieder Aleksei Navalni oer in ûndersteld lúkse simmerresidinsje fan Medvedev, in datsja by it doarp Pljos oan de Wolga op in stik grûn dat 30 kear it Reade Plein mjit. Op it lângoed soe neffens Navalni sels in hûs foar einen stean, dat late ta publike hilariteit en makke dat de ein it symboal waard fan de protesten yn Ruslân in jier letter. In yn maart 2017 op Youtube sette dokumintêre fan Aleksei Navalni ûnder de titel On vam ne Dimon (Russysk: Он вам не Димон) oer ûnderstelde korrupsje fan premier Medvedev, late yn dat jier ta grutte protesten yn Moskou. Neffens de dokumintêre soe de premier likernôch USD 1,2 miljard foar de belestingtsjinst fertsjusterje. De dokumintêre woe ha dat de boarne fan dy rykdom bestie út skinkingen fan oligarchen en lieningen fan steatsbanken. Nei in moanne wie der al 24 miljoen kear sjoen nei de dokumintêre. Medvedev neamde de beskuldingen 'flauwekul', mar de 'dokumintêre' hie effekt en neffens in omfraach fûn 45% fan de befolking dat Medvedev ôftrede moast. By yllegale protesten waarden hûnderten dielnimmers arrestearre troch de autoriteiten, wêrûnder ek Navalni sels.

Yn de neisleep fan de Oekraynske revolúsje fan 2014 anneksearre Ruslân nei in referindum de Krim. Op 31 maart 2014 besocht Medvedev de Krim, nei't it skiereilân op 18 maart dat jier ûnderdiel fan Ruslân waard. By dy besite kundige Medvedev foar de yntegraasje fan de Krim in Federaal ministearje fan Krimoangelegenheden oan.

Medvedev sprekt de Dûma ta (2017)

Op 7 maaie 2018 waard Medvedev troch Pûtin foar in twadde termyn foardroegen as premier. Op 8 maaie folge de offisjele beneaming mei 374 foar. In wike letter karde Pûtin it kabinet goed.

Yn de simmer fan 2018 waard yn it hiele lân protestearre tsjin de troch Medvedev ynfierde ferheging fan de pensioenleeftyd. De plannen waarden ûnferwachts op 14 juny oankundige en foelen tegearre mei it FIFA Wrâldkampioenskip 2018 yn Ruslân. De plannen droegen by oan in foars mindere populêrens fan sawol Medvedev as Pûtin. De boskbrannen fan 2019 yn Sibearje joegen oanlieding om de regels foar it dwêsten fan brannen yn regio's op 'e nij tsjin it ljocht te hâlden en Medvedev frege bûtenlânske saakkundigen by it ûntwikkeljen fan nije útstellen foar in ferbettere bestriding fan boskbrannen.

Tegearre mei it hiele kabinet naam Medvedev op 15 jannewaris 2020 ûntslach, nei't Pûtin yn in presidinsjele taspraak in grûnwetswiziging útstelde. Om in bettere skieding fan machten te krijen stelde Pûtin út om de premier tenei troch it parlemint te kiezen en langer net troch de presidint.

Medvedev motivearre syn ûntslach om presidint Pûtin yn steat te stellen de útstelde konstitúsjonele feroarings oangeande de oerdracht fan macht fan it presidintskip wei te heljen. Neffens Medvedev soene de wizigings de machtsferhâldings yn Ruslân oanmerklik feroarje. Pûtin akseptearre it ûntslach.

Alhowol't it like dat Medvedev frijwillich ûntslach oanbean hie (diel 1, kêst 117 fan 'e grûnwet), ferwiisde it dekreet dat dêrnei troch it kremlyn frijjûn waard nei kêst 83 (c) en diel 2 fan kêst 117 fan de grûnwet.[1] De liberale Russyske hannelskrante 'Kommersant' berjochte dat it gebrûk fan dy seksjes der op tsjutte dat it Pûtin wie dy't Medvedev ûnstlein hie en dat der net in frijwillich, mar in twongen ûnslach plakfûn hie, om't dy seksjes de presidint de macht joegen om it regear sûnder útlis te ûntbinen. It ûntslach en grûnwetswiziging late ta de spekulaasjes yn Westerske media dat Pûtin mei de grûnwetswiziging ek nei ôfrin fan syn termyn as presidint yn 2024 in wichtige rol spylje bliuwe wol yn Ruslân.[2]

Op útstel fan Pûtin waard Medvedev dêrnei fise-foarsitter fan de Feilichheidsried.

Medvedev mei de frou yn 2008

Dmitri Medvedev is troud mei Svetlana Vladimirovna Medveda en tegearre ha hja in soan Ilja Dmitrejevitsj Medvedev (berne 1995). Medvedes kent syn frou al sûnt syn skoalletiid en hja trouden nei't hja harren stúdzje oan de middelbere skoalle yn 1982 foltôgen.

Medvedev is in fan fan Britske hardrock en neamt Led Zeppelin, Black Sabbath, Pink Floyd en Deep Purple as syn favorite bands en sammelt al harren orizjinele finylplaten. Yn syn jongerein makke er kopieën fan de platen, ek al stiene die bands doe op de offisjele swarte list.

By in besite oan Servje krige Medvedev de heechste ûnderskieding fan de Servysk-Otterdokse Tsjerke, de oarder fan Sint-Sava, fanwegen syn krewearjen foar de ienheid fan otterdokse wrâld en syn leafde foar it Servyske folk. Medvedes is russysk-otterdoks.

Medvedev is sportyf en giet alle jûnen te swimmen. Ek dochter er oan krêfttraining en mei er graach hurdrinne, skake en yoga beoefenje. Hy mei graach nei fuotbaljen sjen en is in fan fan it fuotbalteam fan syn bertestêd, FK Zenit Sint-Petersburch .

Medvedev is fûleindich amateurfotograaf. Yn jannewaris 2010 waard ien fan syn foto's op in woldiedigensfeiling foar 51 miljoen rûbel ferkocht, wêrmei't it ien fan de djoerste foto's is dy't ea ferkocht is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Dmitry Medvedev