Dirk Matzer van Bloois
Dirk Matzer van Bloois (Zoelen, 23 desimber 1907 – Arnhim, 19 jannewaris 1991) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard berne as Dirk Matzer, soan fan ds. Herman Matzer, hear fan Bloois (1871-1935) en dy syn earste frou Suzanna Cornelia Isebree Moens (1878-1924), telch út it yn it Nederlânsk Patrysjaat opnommen laach Moens. Hy studearre ôf yn de rjochten en waard yn 1935 wethâlder yn Wijhe. Letter wie er abbekaat en prokureur yn Haarlim.
Yn maaie 1942 waard Matzer van Bloois boargemaster fan Achtkarspelen as opfolger fan Pier Eringa (1879-1962) dy't troch de Dútske besetter út syn amt set wie. Guon minsken yn Bûtenpost tochten dat er dan wol oan de kant fan de Dútsers stean soe, mar dat wie net sa. Sa hat er bygelyks joadske ûnderdûkers warskôgje litten foar in ankommende razzia[1]. Nei de befrijing kaam de wilens pensjonearre Eringa in pear moannen werom as (waarnimmend) boargemaster, mar Matzer van Bloois mocht dêrnei oanbliuwe.
Yn 1949 folge syn beneaming ta boargemaster fan de Gelderske gemeente Renkum. Yn jannewaris 1973 gie er dêr mei pinsjoen.
Mr. D. Matzer van Bloois wie troud mei Alida Mina van Vliet (1912-1993) mei wa't er ferskate bern krige. Yn 1965 waard er beneamd ta ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau[2]. Begjin 1991 stoar er yn de âldens fan 83 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |