Dirk Jan Henstra

Ut Wikipedy

Dirk Jan Henstra (Inkhuzen, 31 maart 1927 - Grins, 12 maaie 2016) wie in ekonomysk histoarikus. Henstra hat him nei syn pinsjoenearring talein op de stúdzje fan de midsiuwske histoarje fan Magna Frisia. Dat late yn 2000 ta syn proefskrift wêrmei't hy oan de Ryksuniversiteit Grins (RuG) ta doktor yn de Letteren promovearre. Yn syn aktive karriêre wie er ûnder oaren lid fan it Kolleezje fab Bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins en fan Sosjaal Heger Underwiis Fryslân (SHF).

Proefskrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It proefskrift is grûnfêste op de wergeld-hypotese wêrmei't in stikmannich histoaryske en monetêre ferskynselen ferklearre wurde dy't oant dan ta net goed ferstien waarden.

Yn de midsiuwen wie Fryslân foar it grutstepart ûnôfhinklik. Dat die bliken in goede gelegenheid te wêzen om ûnferoarlike yndikatoaren foar it fuotljocht te bringen fan net late evolúsje fan ekonomyske ynstitúsjes. Dy fan jild is dêr ien fan. It Fryske Ryk wie de streek fan wiete gebieten oan de Noardseekust fan it hjoeddeiske Nederlân en Noard-Dútslân. Dat yn de Midsiuwen wie it dreech om Frisia oer lân te berikken, mar hie it wol in strategyske lizzing foar hannel oer see. Noch keningen as keizers noch oare hearskers slagge it om de Friezen te oermasterjen. Feitlik wie der gjin sintrale autoriteit yn Frisia dy't de natuerlike ûntjouwings fan ekonomy of rjocht 'fersteure' koe.

Oar wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn letter wurk kamen ûnderwerpen oan de oarder sa as de Lex Frisionum en de 17 Kêsten.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • "Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer", publisearre 2012, besoarge fan Anne Tjerk Popkema.[1] Publikaasjetekst en útjouwerij: Koninklijke Van Gorcum.
  • Jever, die Pionierstadt einer neufriesischen Währung? yn: Emder Jahrbuch für Landeskunde Ostfrieslands. 85 (2005) 7-25
  • De koninklijke adelaar op Groninger stedelijke munten yn: De Beeldenaar, 28/2 (2004) 63-72 (tegearre mei J.C. van der Wis).
  • Repliek op het artikel van J.R.G. Schuur over de grafelijkheid in Westerlauwers Friesland van 1101 tot ca. 1130. It Beaken, 66-1 (2004) 1-16.
  • The Evolution of the Money Standard in medieval Frisia. A treatise on the systems of money of account in the former Frisia (c.600-c.1500) in: "Jahrbuch fuer Wirtschaftsgeschichte", 2003-
  • Laat-middeleeuwse muntslag in Oostergo (mei J.C. van der Wis) yn: "De Beeldenaar", 2003-
  • De wereldlijke positie van de bisschop van Utrecht in Westerlauwers Friesland yn: "It Beaken", 65/3-4 (2003) 12 5-144
  • De eerste optekening van de algemeen-Friese Keuren yn: "It Beaken", 64-2 (2002) 99-128. Printe 1-5-2003
  • Middeleeuws geldwezen van de Groninger Ommelanden. Uit een onderzoek naar de evolutie van de geldstandaard in middeleeuws Frisia yn: "Historisch Jaarboek Groningen 2002", 23-41.
  • De grafelijkheid in Westerlauwers Friesland na de moord op Hendrik de Vette (1101-1138) yn: "It Beaken", 64-1 (2002) 61-78.
  • Geldwezen zonder centrale sturing yn: "Economisch-Statisti­sche Berichten", 86-4340 (2001) 986-987
  • "he Evolution of the Money Standard in medieval Frisia. A treatise on the systems of money of account in the former Frisia (c.600-c.1500), in: "Newsletter European Association for Evolutionary Politica
  • Het probleem van de geldbedragen in de Lex Frisionum. Jaarboek voor Munt- en Penningkunde, 88 (2001) 1-32
  • Geldsoorten in de middeleeuwse Friese boeteregisters, in het bijzonder in het exemplaar van 'Druk' van Hemma Odda zin. yn: "It Beaken", 62-2 (2000) 100-118
  • The Evolution of the Money Standard in medieval Frisia. A treatise on the systems of money of account in the former Frisia (c.600 - c.1500). yn: "Newsletter Dutch Network Institutional Economics", 4-3 (2000)
  • The Evolution of the Money Standard in medieval Frisia. A treatise on the systems of money of account in the former Frisia (c.600 - c.1500) (diss.) Grins/Hilversum, 2000
  • Kantnijverheid te Leeuwarden in de 17de en 18de eeuw, yn: "De Vrije Fries", 72 (1992) 75-87
  • De Henstra's van Sytze Grealdsz. Genealogie van de nakomelingen van Sytze Grealdsz te Terhorne en van diens vermoedelijke voorouders en hun naaste verwanten. Noardlaren, 1986

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat:

  1. Publikaasjetekst: "In dit boek gaat D.J. Henstra in op de vraag waarom alleen Frisia zich aan het grafelijk gezag wist te onttrekken. Henstra betrekt talloze middeleeuwse bronnen bij zijn onderzoek en brengt verworven inzichten tot een aantrekkelijke synthese. Voor het eerst wordt zo de grafelijke geschiedenis van de Friese gebieden, en daarmee deels ook van Nederland en Noord-Duitsland, uitgebreid toegelicht. Daarmee is een belangrijke lacune in de vaderlandse geschiedschrijving gevuld. Een pionierswerk".