Springe nei ynhâld

Diplomasy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Diplomaten)
Diplomaten komme en gean yn De Haach anno 1700, sketsen fan Romeyn de Hooghe
Ger van Elk, Symmetry of Diplomacy, 1975, Groninger Museum.

Diplomasy is de keunst en kunde fan it fieren fan oerlis tusken twa groepen om dêrmei in bepaald doel te berikken. Mear spesifyk wurde mei diplomasy de formalisearre relaasjes tusken (meastal ûnôfhinklike) politike entiteiten bedoeld, meastal steaten.

De basis fan de diplomasy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De basis fan de diplomasy bestiet út it oerlis tusken twa of mear groepen oer bepaalde saken dy't men regelje wol. In bekend foarbyld hjirfan is fredesoerlis tusken twa lannen dy't yn oarloch binne, mar ek de hannelsoerienkomst tusken twa of mear lannen is diplomasy, krektas ûntwapeningsbesprekkingen.

Diplomatyk oerlis wurdt skaaimerke troch it meidwaan oan sok oerlis fan twa (of mear) groepen dy't net oan elkoar relatearre binne en dêr't dan ek dúdlike ferskillen tusken besteane, yn in situaasje dêr't beide groepen wol wat belang hawwe by it finen fan oplossings foar harren ûnderlinge problemen. Diplomasy is net nedich as der gjin ferskillen binne, diplomasy is derfoar om de tsjinstellings dy't fuortkomme út de ferskillen te oerbrêgjen. Fan belang is ek om dúdlik ûnderskied te meitsjen tusken it oerlis tusken ferskillende groepen en tusken ûnderdielen fan deselde – dit lêste is gjin diplomasy, mar polityk. In ûnderhanneling oer wegenbou tusken Dútslân en Nederlân is in diplomatike oangelegenheid, de wegenbou binnen Nederlân allinnich is in saak fan de Nederlânske polityk. It diplomatike oerlis tusken Nederlân en Dútslân wurdt dan lykwols wol fierd troch fertsjintwurdigers (diplomaten) fan de twa politike lichams fan beide lannen en wurdt ek efterôf troch de polityk fan beide lannen goed- of ôfkard.

Diplomatike ûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It útwikseljen fan gesanten tusken steaten waard al dien yn de âldheid. Nei de fal fan it West-Romeinske Ryk nommen de Germaanske keningen it gebrûk om gesanten út te wikseljen oer. Permaninte gesantskippen ûntstienen tusken Feneetsje en it East-Romeinske Ryk yn de tolfde iuw. Under ynfloed fan de Feneetsjaanske diplomasy waard it wenst om permanint fertsjintwurdigers út te wikseljen yn West-Europa ferspraat fan de 15e iuw ôf.

De opkomst fan de moderne, diplomatike struktueren yn West-Europa wie oan it begjin fan de 18e iuw folslein en hat eins nea wer fuortwest. It begûn destiids mei de útwikseling fan ambassadeurs as fertsjintwurdigers fan keningen en/of it lânsbestjoer yn de frjemdte en is útgroeid ta allesomfiemjende organisaasjes op regionaal (Europeeske Uny) en mondiaal nivo (Feriene Naasjes en besibbe organisaasjes).

Diplomasy yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske diplomasy is (foar in trochsneed, West-Europeesk lân) in komplekse saak. Nederlân hat dat sa oardere:

  • Nederlân hat mear as dan 150 ambassades, konsulaten yn oare steaten en permaninte fertsjintwurdigingen by ynternasjonale organisaasjes. Se binne ferspraat oer de wrâld. Dêrneist besteane der sa'n 360 honorêre konsulaten mei beheind foech.
  • De ambassade fertsjintwurdiget it Keninkryk fan de Nederlannen op it mêd fan polityk, ekonomy en hannel, ûntwikkelingsgearwurking, konsulêre saken en parse- en kulturele saken. De ambassadeur fertsjintwurdiget as sadanich de ministers en it steatshaad (in bekend ferhaal is dat fan de Nederlânske ambassadeur oan it Turkske hof, dy't de konsorten fan de Sultan fermakke troch syn funksje te omskriuwen as si je porte mon pantalon blanc, je suis la Reine – as ik myn wite broek oan ha, bin ik de Keninginne). In ambassadeur wurdt assistearre troch syn 'twadde man' dy't soms de titel fan Folmachtige Minister hat en de diplomatike stêf, dy't bestean kin út ien of meardere ambassaderieden en de ambassadesekretarissen (earste, twadde en tredde).
  • In konsulaat hâldt him benammen dwaande mei belangebehertiging op it mêd fan hannel en konsulêre saken. Yn de struktuer fan it postnetwurk falle de konsulaten ûnder de haadpost. Dat is altiten in ambassade. In konsulaat-generaal stiet meastal ûnder leiding fan in beropskonsul. In konsulaat stiet meastal ûnder lieding fan in honorêr konsul. Honorêr wol sizze dat de konsul allinnich in ûnkostefergoeding krijt. In honorêr konsul kin gjin paspoarten ôfjaan of fisa ferstrekke.

Ambassadeur, ambassaderied, ambassadesekretarissen en konsuls mei-inoar foarmje de diplomatike missy fan Nederlân yn dat lân. Dêrby moat oantekene wurde dat diplomatike amtners (ambassadeur, ambassaderied en sekretarissen) de regearing by de autoriteiten yn harren lân fan fêstiging fertsjintwurdigje, wylst konsulêre amtners allinnich de Nederlânske autoriteiten by de autoriteiten yn it desbetreffende lân fertsjintwurdigje.

  • In permaninte fertsjintwurdiging is de ‘ambassade’ by ynternasjonale organisaasjes as de EU, de NAFO, de FN, de OESO, de Wrâldbank ensfh. De PF foarmet de skeakel tusken De Haach, Willemstêd en Oranjestêd en in ynternasjonale organisaasje. Oan it haad fan in Permaninte Fertsjintwurdiging stiet in ambassadeur, mei ûnder him de stêf.

Om dizze hiele masinery yn gang te hâlden, stekt Nederlân in soad wurk yn syn Corps Diplomatique. Foar dielname is in mei súkses ôfrûne akademyske oplieding fereaske. Nei in strange seleksje moat dêrnei it diplomatrening (it 'klaske') trochrûn wurde.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Diplomacy fan Wikimedia Commons.