Diogo Cão

Ut Wikipedy
Diego Cão op in Portegeesk bankbiljet

Diogo of Diogo Cão (sa. 1456 – sa. 1486) wie in Portegeeske ûntdekkingsreizger en betûft navigator dy’t fanwege kening Johan II fan Portegal twa ûntdekkingsreizen makke de westkust fan Afrika by lâns yn de tachtiger jierren fan de 15e iuw.

Op syn earste reis (1482-1483) ûntduts er de rivier de Kongo en kaam hy yn kontakt mei it Bakongo keninkryk. Dêrnei folge er de Afrikaanske kust oant Kaap Sint Mary yn Angoala.

Op syn twadde reis (14851486) komt Diogo sels oant Kaap Krús yn Namybje. It is net wis oft dat hy wol werom komd is fan de twadde reis. Guon nimme oan dat er by Kaap Krús ferstoarn en te hôf brocht is.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]