Diny de Neef
Appearance
Alberdine "Diny" de Neef (Amsterdam, 23 desimber 1926 - Drachten, 28 juny 1978) wie in Nederlânsk aktrise. Sy wie fan 1947 oant 1975 aktyf as aktrise.
De Neef folge in oplieding oan de Amsterdamske Toanielskoalle en debutearre yn 1947 by it Amsterdamsch Toneelgezelschap. Oare toanielgroepen dêr't se by spile wienen Toanielgroep Test, it Nieuw Jeugdtoneel en de Noorder Compagnie. Ek trede se op yn it kabaret fan Wim Sonneveld en by de kabaretgroep Tingel Tangel. Teffens wie hja te sjen yn in stikmannich telefyzjesearjes lykas De Avonturen van Okkie Trooy en Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer?. De Neef wie boaske oan Robert Sobels.
Diny de Neef stoar yn de âldens fan 51 jier yn Drachten.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) IMDb-profyl