Groubekpappegaaido

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dikbekpappegaaido)
groubekpappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron curvirostra
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige

De groubekpappegaaido (Treron curvirostra) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekening fan in spantsje groubekpappegaaidowen
Edward Charles Stuart Baker.

De groubekpapegaaido is in middelgrutte griene do fan 22,5 oant 31 sm. De fûgel liket mei syn grize krún, de readbrune mantel by it mantsje en de giele en swarte rânen fan 'e wjukfearren in soad op 'e dowen fan de saneamde Pompadour-groep. It ûnderskied is lykwols in dikkere snaffel mei in reade basis, in heldergriene eachring en it patroan op 'e ûnderste sturtdekfearren.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mantsje.

De soarte libbet yn 'e bosken fan it leechlân fan Súdeast-Aazje en de Yndyske Arsjipel. Der is strideraasje oer de yndieling yn ûndersoarten. De fûgel wurdt fan monotypysk behannele oant ferdield yn twa oant njoggen ûndersoarten mei de folgjende ferdieling:

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oantal fûgels fan 'e soarte liket ôf te nimmen, alhoewol't it net bekend is hoe grut de populaasje is. Der wurdt fan útgien dat de populaasje net hurd tebekrint en de soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN dêrom as 'net bedrige' klassisifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: