Springe nei ynhâld

Noorder Dierenpark

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dierepark Emmen)
Noorder Dierenpark (1935-2004)
Dierenpark Emmen (2004-2015)
  dieretún
Yngong Noorder Dierenpark.
Yngong Noorder Dierenpark.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Emmen (gemeente)
plak Emmen
adres Hoofdstraat 18
koördinaten 52°47′06″N 6°53′45″E
bysûnderheden
type tradisjonele dieretún
oerflak 12 ha
besikers 672.000 (2013)
netwurk(en) WAZA, EAZA, NVD, IAAPA,
   IABES
skiednis
hist. namme Noorder Dierenpark (1935-2004)
Dierenpark Emmen (2004-2015)
iepening 16 maaie 1935
sluting 31 desimber 2015
opgien yn Wildlands Adventure Zoo
gebou
boujier 1935
sloopjier 2015-2016
nije bestimming
   fan it terrein
Rensenpark
kaart
Noorder Dierenpark (Emmen)
Noorder Dierenpark
De lokaasje fan Wildlands yn Emmen.

It Noorder Dierenpark, fan 2004 ôf Dierenpark Emmen neamd, wie in bistetún yn it sintrum fan it Drintske plak Emmen. De bistepark waard op 31 desimber 2015 sletten en fêstige him op 25 maart 2016 as Wildlands Adventure Zoo Emmen oan de oare kant fan it sintrum, op de Noardbargeres. Op 18 juny 2016 waard de lokaasje fan it âlde bistepark fannijs iepene troch âld-direkteur Aleid Rensen as stedspark Rensenpark.

Op Himelfeartsdei 1935 iepene Willem Oosting mei finansjele stipe fan syn famylje de poarten fan it Noorder Dierenpark op syn eigen terrein yn Emmen. De bistetún wie yn syn begjindagen in partikuliere ûndernimming. Oosting hie in beskate fyzje foar it park. Sa fûn er dat de hokken fan de bisten sa natuerlik mooglik oanfiele moasten. De bisten moasten it idee hawwe dat se yn harren eigen ferspriedingsgebiet omrûnen en de besikers moasten it hâlden en dragen fan de bisten goed observearje kinne. Oosting hie dit konsept ôfsjoen by bistetunen yn it bûtenlân. De bistetún groeide yn de jierren nei de iepening stadich; foar dy groei waard omlizzend lân oankocht. Willem Oosting boaske yn 1938 mei túnarsjitekte Tineke Bosma; sy naam de griene oanklaaiïng fan de bistetún foar har rekken.

Wylde bistegalery

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich wie it net maklik om oan iten te kommen. It fuorjen fan alle bisten yn it park wie dan ek in grut probleem. It barde dêrom ek wol dat nijberne bisten, wêrûnder bizons en kamielen, út need oan de liuwen en tigers fuorre waarden. Sadwaande bleau de populaasje yn stân, mar waard dy ek net grutter, sadat de measte bisten gewoan yn it park bliuwe koene sûnder dat dat oerbefolke rekke.

Yn de Twadde Wrâldkriich bea Oosting it bistepark oan as skûlplak foar ûnderdûkers. Fan begjin 1943 ôf wennen der yllegaal minsken. Uteinlik wie it in skûlplak foar achttjin persoanen dy't it slagge de oarloch te oerlibjen troch har te ferstopjen yn de "wilde dierengalerij" en oerdei as wurknimmers yn de bistetún te wurkjen.

Yngong fan de flintertún

De lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it Noorder Dierenpark nei de oarloch (1945-1965) tige populêr wie, begûnen oan de ein fan de sechstiger jierren de besikersoantallen werom te rinnen. Yn 1970 hold Willem Oosting op as direkteur en waard er opfolge troch syn dochter Aleid Rensen-Oosting. De bistetún waard doe foar de helte eigendom fan de gemeente Emmen en foar de oare helte fan de famylje Rensen. Under lieding fan de nije direkteur fûnen allegear fernijingen plak, lykas de "Afrikaanske Savanne", dêr’t bisten as sebra's, sjiraffen en strúsfûgels ferbleaune. Yn maaie 1985 iepene de bistetún de grutste flintertún fan 'e wrâld.[1]

Yn 1995 hold Aleid Rensen-Oosting op as direktrise fan de bistetún. Har âldste dochter Saskia levere fan 1995 oant 2001 beliedsmjittige stipe as haad Personiel en Organisaasje.[2]

Yngong fan de bistetún oan de Noardbargeres

Yn de jierren '90 groeide de bistetún wer út syn jas, mar yn it sintrum fan Emmen wie gjin romte mear foar útwreiding. Wol waard yn 1997 noch it rotterioel iepene[3]. Yn 1998 waard der om mear romte te kreëarjen in twadde part fan it park op de Noardbargeres iepene, krekt bûten it sintrum fan Emmen. It âlde en it nije park waarden mei-inoar ferbûn troch in rinbrêge oer de Hondsrugwei, en in rinrûte troch winkelsintrum De Weiert. As earste waarden de humboldtpinguïns hjir tydlik húsfeste. It tige grutte ferbliuw dêr moasten se lykwols yn 2013 ferwikselje foar it âlde seeliuweferbliuw.

Yn 2007 waarden de plannen bekend makke dy't ynholden dat de bistetún it sintrum fan Emmen ferlitte soe en hielendal ferhuze waard nei de Noardbargeres, dêr't in oerflakte fan 40 bunder beskikber komme soe; hast trije kear sa grut as op it plak yn it sintrum. Ek it teäter fan Emmen waard dêr boud. De bedoeling wie dat de ferhuzing uterlik yn 2014 klear wêze soe. Dat waard úteinlik 2016.[4][5]

Yn 2010 fierde it Noorder Dierenpark syn 75-jierrich bestean. Yn 2010 die ek bliken dat de bistetún yn grutte problemen ferkearde. De besikersoantallen wiene nei it fuortgean fan geastlike mem Aleid Rensen-Oosting yn 1995 sterk weromrûn, de marketing skeat tekoart en der wie te folle personiel. Yn juny 2010 waard Frankwin van Beers, earder direkteur fan it Dolfinarium Harderwyk, de nije direkteur fan de bistetún. Hy krige de opdracht it park wer finansjeel sûn te meitsjen. Dêrta moast der al in protte personiel ferdwine. Ek waard der ûnder syn lieding fierder wurke oan de ferhúzing. Der waard oan de Noardbargeres in temapark boud dat opdield wie yn trije temagebieten. De temagebieten beane bypassende gebouwen, hoareka, winkels, entertainment en attraksjes. Yn in neibeard biotoop waarden yn elk gebiet in pear karakteristike biste- en plantesoarten toand. De klam fan it park kaam op it entertainment te lizzen. It budget foar de bou wie mei-inoar 200 miljoen euro, wêrfan 150 miljoen euro foar it temapark en 50 miljoen euro foar it tagongsgebou ynklusyf teäter. Yn maart 2015 waard, njonken it nije logo, ek de namme fan it nije park bekend makke: Wildlands Adventure Zoo Emmen. Op 31 desimber 2015 sleat it Noorder Dierenpark Emmen de doarren foar de ferhúzing fan de bisten dy't meigiene nei it nije park, en op 25 maart 2016 gie Wildlands iepen.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: