Die Twa

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Die Twa
Ic queue music 48px.svg band
IMG 2785 Die Twa.jpg
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre pop
bestean 20052015
leden
Krijn Dijkstra
Jacob Dijkstra

Die Twa is in sjongduo dat bestiet út de Berltsumers Krijn Dijkstra en Jacob Dijkstra. Jacob wennet no yn Wergea.

Yn 2004 wienen se ûnderdiel fan de top-100 formaasje Infinity. As der guon bandleden net koenen, en it optreden oars net trochgean koe, treden hja sûnt 2005 tegearre op as feestduo en neamden har dan Die Twa. Hja treden dan op mei in ferskaat oan repertwaar en muzykstilen op brulloften, yn feesttinten en op toanieljûnen.

Yn 2007 leinen hja harren ta op it sels skriuwen en komponearjen fan Fryske ferskes, dy’t opnomd waarden yn it repertwaar.

Yn 2009 belâne it duo foar in ynterview yn in radioútsjoering fan ‘De Timmerman’ fan Hollân FM. It debútnûmer ‘Asto mar by my bist’ krige doe in soad wurdearring en de Brabânske platemaatskippij Diesel Joy Records joech harren in platekontrakt. De earste singel waard in beskieden hit yn de Singel top-100. De lanlike DJ-s waarden sa lykwols ek bekend mei Die Twa. De twadde singel ‘Famke fan myn dreamen’ hat foar de definitive trochbraak soarge. It nûmer hat heech op de hitlisten stien.

Yn 2009 stie it nûmer Fûgels op nûmer 10 yn de Fryske Top 100. Der folge in optreden mei oare groepen yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. De ferskes waarden draaid op de nasjonale radio. Yn 2009 waard ek noch in Dútske singel opnomd en april 2010 ferskynde harren earste album, dat ek Die Twa' hjit. Yn 2010 hawwe de twa optreden op Flinterpop yn Balk.

Nei jierren fan optreden en it meitsjen fan twa albums waard it skriuwen fan nij wurk wat dreger; dêrom besleat it duo yn 2015 dermei op te hâlden foardat se stadichoan út sicht ferdwine soene. It lêste optreden fan Die Twa wie yn Berltsum op 19 desimber fan dat jier. [1]

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Die Twa yn ien (CD, 2016)
  • Twasprong (2011)
  • Asto mar by my bist (2009)
  • Famke fan myn dreamen (2009)
  • Fûgels (2009)

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums mei hitnoteringen yn
de Nederlânske Album Top 100
Datum fan
ferskinen
Datum fan
ynkomst
 Heechste 
plak
 Oantal 
wiken
 Oanmerkingen 
Die Twa 09-04-2010 17-04-2010 22 9
Twasprong 14-10-2011 22-10-2011 17 1*

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Frysk Deiblêd 19 desimber 2015, s. 19. Die Twa noch ien kear it poadium op