Diana (Russysk fregat)
Appearance
De Diana wie in fregatskip fan de Keizerlike Russyske Marine. Sy waard boud yn 1853 en wie it flaggeskip fan admiraal Jevfimy Poetjatin doe't hy Japan besocht yn 1854.
Poetjatin syn float wie skansearre rekke troch in tsûnamy, dy’t folge op de swiere Ansei-Tōkai-ierdskodding fan 23 desimber 1854. De Diana sonk ûnderweis fan Sjimoda nei Heda dêr’t sy reparearre wurde soe. Sy sonk yn de Baai fan Miyajima-mura (it moderne Fuji-shi).
De Russyske seelju bouden doe mei help fan 300 Japanske timmerlju yn twa moanne tiid in nij skip op basis fan ûntwerptekeningen dy’t de ‘Diana’ oan board hie. It waard in twa-mêst skoender fan 100 ton en 24 meter dy’t de namme 'Heda' krige. It skip waard neamd nei de Japanske stêd dy’t holpen hie by de bou.