Springe nei ynhâld

Diadeemreadsturtsje

Ut Wikipedy
Diadeemreadsturtsje

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus moussieri
Olphe-Galliard, 1852
IUCN-status: net bedrige

It diadeemreadsturtsje (Phoenicurus moussieri) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers).

It 12 oant 13 sm lange mantsje ûnderskiedt him troch de brede, wite eachbraustreek, dy't oant en mei de sydkanten fan 'e hals trochrint. De fûgel hat wite flekken op 'e fierder donkere wjukken, in swart masker om 'e eagen en in readbrune kiel, boarst en búk. It fealbrune wyfke is minder kleurryk as it mantsje en hat in soad fan it wyfke fan it gewoane readsturtsje. Wol is it wyfke fan it diadeemreadsturtsje oer it generaal wat lytser en hat it ek in wat read-efticher ûnderbealchje.

Diadeemreadsturtsjes komme yn it noardwest fan Afrika foar, benammen yn it Atlasberchtme fan súdik Marokko, noardlik Algerije en noardlik Tuneezje. Yn Europa komt de fûgel lokaal yn Spanje en op Malta foar. It fûgeltsje libbet op in hichte oant 3000 meter yn rûge rotsgebieten mei strewellen en hjir en dêr wat beammen.

Aaikes.

It diadeemreadsturtsje boud it nêst yn strewellen of op 'e grûn en leit yn 'e regel trije oant seis aaien.

It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: