Springe nei ynhâld

Der ewige Jude

Ut Wikipedy
Der ewige Jude
film
makkers
regisseur Fritz Hippler
produsint Deutsche Film Gesellschaft
senario Eberhard Taubert
muzyk Franz R. Friedl
distribúsje Terra Film
skaaimerken
lân/lannen Dútslân
sjenre propagandafilm
taal Dútsk
spyltiid 62 minuten

Der ewige Jude (De ivige Joad) is in antysemityske nasjonaalsosjalistyske propagandafilm en wurdt as de slimste yn syn soarte beskôge. De film draaide nei it earste oarlochsjier ein novimber 1940 yn 'e Dútske bioskopen en letter ek yn oare Europeeske lannen. De film waard ûnder regy fan Fritz Hippler makke en troch de Reichspropagandaleitung fan 'e NSDAP útbrocht. Hitler en Goebbels hiene in soad ynfloed op de foarm en de ynhâld. De film wie ornearre om it Dútske publyk ta te rieden op de plande, definitive oplossing fan it Joadske fraachstik.

Der ewige Jude is in kompilaasjefilm yn 'e styl fan in dokumintêre en gie oan 'e antysemityske film "Jud Süß" fan Veit Harlan foarôf. Dy hie as doel om negative sintiminten tsjin joaden as skealik ras op te wekken. Der ewige Jude soe mei syn sabeare dokumintêre karakter dat ûnderstypje.

Mei de films "Jud Süß" en "Die Rothschilds" hearde Der ewige Jude ta de trije yn 1940 útbrochte films, dy't joaden langer net lykas wenst yn 'e nasjonaalsosjalistyske filmpolityk as komyske types delsette, mar as gefaarlike Untermenschen.

Eksposysje "Der ewige Jude."

Foardat de film yn bioskopen draaide, wie der yn Nazy-Dútslân tusken 1937 en 1939 earder in reizgjende eksposysje mei deselde namme. It doel fan de eksposysje wie om de lêste morele wjerstân ûnder de Aryske befolking te brekken troch keunstmjittige gefoelens fan eangst, oergeunst en haat tsjin joaden op te wekken. Neffens plysjeberjochten fan doe bestie der in direkt ferbân tusken de eksposysje en it tanimmend tal antysemityske oanfallen.

De film makket mei de iepeningstitel dúdlik dat it in "bydrage oan it probleem fan it mondiale joadedom" leverje wol. De earste sin fan de film makket fuort helder wêr't it de film om te rêden is:

"De beskaafde joaden, sa't wy dy fan Dútslân kenne, jouwe ús mar in diel fan it byld fan harren rasiale eigenskippen. Dizze film toant de orizjinele opnames út de Poalske getto's en toant ús joaden, lykas dy der yn werklikheid útsjogge foardat hja harren efter it masker fan beskaafde Europeanen ferstopje."

De film is rûchwei yn fjouwer thema's te ferdielen:

  • Opname's fan nasjonaalsosjalistyske getto's op earder Poalsk steatsgebiet (lykas it getto Litzmannstadt).
  • It neamen fan in soad politike, kulturele en sosjale minsken op it ynternasjonale toaniel fan joadske komôf.
  • Religieuze seremoanjes, religieus ûnderwiis, gebedstsjinsten en in rituele slachting.
  • De rede fan Hitler yn 'e Ryksdei mei paradearjende SA-manlju.

De film bestiet út in oanienriging fan sênes, dy't joaden as in asosjaal, kultuerleas en parasitêr folk delsette. De wenplakken fan joaden wurde as pesthurden foarsteld, dy't de folkssûnens bedriigje. Der binne foar de bylden bewust persoanen selektearre yn earmoedige klean, dy't meast sûnder tosken of smoarch yn 'e kamera sjogge. De plakken dêr't de joaden omhûsmanje binne smoarch en dridzich en it tild der op fan skealige ynsekten. De migraasje fan joaden út East-Europa wurdt mei de migraasje fan ratten ferlikene; wêrmei joaden ferlikene wurde mei út te roegjen ûngedierte:

"Oeral dêr't ratten ferskine bringe se ferneatiging fan it lân en ferneatigje se it guod en it iten fan minsken. Se binne net te fertrouwen, lef en wreed en kommen yn grutte groepen. Hja stelle ûnder de bisten it elemint fan ferriederlike, ûndergrûnske ferneating foar - net oars as de joaden ûnder minsken."

De joaden yn it smoarge en earmoedige getto binne neffens de film net echt earm:

"...troch de jierrenlange hannel ha se genôch jild sparre om in skjin en goed hûs foar harren sels en famylje oan te skaffen. Mar hja libje al generaasjes lang yn 'e selde smoarge en fan it ûngedierte ferjûne hoalen."

De film stelde de joaden ferantwurdlik foar de ynflaasje en de wurkleazens; hja hiene har yn alle beroppen ynwrotten en troch woeker, fraude en misdied Dútsers beneidield.

"Op 1000 Berlynske arbeiders wiene der mar 2 joaden. Begjin 1933 wiene fan de 100 iepenbiere oanklagers yn Berlyn 15 joadsk. Fan de 100 rjochters wiene der 23 joaden. Fan de 100 advokaten wiene der 49 joaden. Fan de 100 artsen wien der 52 joaden. En fan de 100 sakelju wiene der 60 joaden. It trochsnit fermogen fan in Dútser wie 810 mark. De trochsnit rykdom fan in joad dêrfoar oer wie 10.000 mark."

De wittenskipper en nobelpriiswinner foar natuerkunde Albert Einstein waard as in relativiteits-joad beskreaun, dy't syn haat foar Dútsers oer efter tsjustere pseudowittenskip ferstoppe. Yn oare filmfragminten waarden Curt Bois, Charly Chaplin (dy't gjin joad wie), Leo Kestenberg, Fritz Kortner, Peter Lorre, Ernst Lubitsch, Kurt Tucholsky en Rosa Luxemburg as fertsjintwurdigers fan it ynternasjonale joadedom foarsteld.

Yn in oar diel fan 'e film waard in religieuze slachting fan in ko yn alle details toant. Dat diel waard der by in foarstelling foar froulju en bern lykwols útknipt.

Dy bylden binne it oertsjûgende bewiis foar de wredens fan de slachtmetoade. Se litte tagelyk it karakter fan in ras sjen, dy't syn achterlike bottens ûnder de mantel fan fromme religy ferstoppet.

Dan folget in sêne fan 30 jannewaris 1939 yn 'e Ryksdei. Adolf Hitler rôp dêr de wurden dy't de Holocaust ynlate en einige mei de sin:

"As it ynternasjale finansjele joadedom yn en bûten Europa der yn slagget, de folken noch ienris yn in Wrâldkriich te stoarten, dat sil it resultaat net it bolsjewisearjen fan 'e ierde en dêrmei de oerwinning fan it joadedom wêze, mar de ferneating fan it joadske ras yn Europa."

De film einiget mei bylden fan jubeljende Dútsers en marsjearjende soldaten.

Der ewige Jude wie gjin kommersjeel sukses, ek al draaide de film yn in soad bioskopen. Allinne al yn Berlyn wie de film yn 66 bioskopen te sjen. Yn guon gefallen waarden de bioskoopeksploitanten ferplichte om de film te toanen. It wiene fral partijoanhingers dy't nei de film gyngen en ek waard de film toant oan nazy-organisaasjes, lykas de Hitlerjugend. Dochs prate de befolking fanwegen de yngripende bylden wol oer de film, yn alle gefallen wisten grutte dielen fan it Dútske folk dat sa'n film bestie.

De film waard ek yn 'e troch Dútslân besette gebieten toant.

Yn Nederlân giet de film yn oktober 1941 yn premjêre. De Nederlânske filmposter wie makke troch de tekener Hans Borrebach. Ut in ûndersyk fan 'e Dútsers die bliken dat in soad Nederlanners en sels NSB-ers argewaasje hiene fan de joadske karikatuer op 'e poster. De filmposter soe eardere kontraproduktyf foar it tal besikers wurke ha.[1].

Nei in fertoaning fan 'e film yn Antwerpen kaam it op 14 april 1941 ta in pogrom. Leden fan 'e Volksverwering, de Swarte Brigade en de Flaamske SS-ers ferneatigen en plonderen de hûzen yn 'e joadske wyk en stieken twa synagoges yn 'e brân. De jûn stiet bekend as de Antwerpske Kristallnacht. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Der ewige Jude en de:Der ewige Jude (Ausstellung)