Springe nei ynhâld

Der Spiegel

Ut Wikipedy
Der Spiegel
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Dútsk
taal Dútsk
sjenre tydskrift
frekwinsje 1x wike
bestean 1947 – no
plak haadred. Hamburch
útjouwer Spiegel-Verlag Rudolf Augstein GmbH & Co. KG
oplaach 737.214 (2/2022)
offisjele webside
www.spiegel.de

Der Spiegel is in Dútsk tydskrift dat alle wiken ferskynt en oer de aktualiteit berjochtet. Der Spiegel wurdt nasjonaal en ynternasjonaal as in blêd mei autoriteit beskôge.

Yn it tredde fearn fan 1980 gyng de oplaach fan Der Spiegel foar it earst oer in miljoen en yn 1991 helle Der Spiegel mei fan 1,212 miljoen eksemplaren de heechste oplaach ea. Fral nei 2003 sette lykas ek by de konkurrinten in delgong yn nei tsjintwurdich (2/2022) 737.214.

Hamburch, haadkantoar Der Spiegel

Al foar de Earste Wrâldkriich waard yn München in tiidskrift mei de namme 'Der Spiegel' útjûn. Dat tiidskrift hat lykwols neat te meitsjen mei it hjoeddeiske aktualiteitentiidskrift, dat foar it earst op 4 jannewaris 1947 yn Hannover ferskynde. Under de namme 'Diese Woche' wie der sûnt novimber 1946 yn Hannover noch in eardere útjefte útbrocht neffens de styl fan de Amerikaanske en Britske nijsblêden en dy't fynearsten ûnder de redaksje fan de Britske besettingsmacht stie. Mei it sânde nûmer waard it blêd yn Dútske hannen oerdroegen; Rudolf Steiner krige de útjouwerslisinsje en neamde as haadredakteur it blêd tenei 'Der Spiegel'.

De oplaach wie yn 1961 al 437.000 eksemplaren en mei de groei fan de ekonomy naam ek de politike ynfloed en de publisistyske macht fan it blêd fierder ta.

Yn 2005 waard in ûndersyk dien nei de politike eftergrûn fan de lêzers en it die bliken dat lêzers fan alle politike rjochtingen Der Spiegel lêze (CDU/CSU 36%, SPD 28%, De Grienen 18%, FDP 7%, Die Linke 5%)[1] Dat komt ridlik yn de buert fan de útslach fan de Bundestagwahl fan dat jier, allinne binne neffens dy sifers de SPD-lêzers ûnderfertsjintwurdige en de Grienen oerfertsjintwurdige. Neffens sifers fan 2022 hat Der Spiegel in hjoeddeiske oplaach fan goed 730.000 eksemplaren en in lêzerspublyk fan 4,5 miljoen.

Opfallende saken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1949 skreau Der Spiegel op in misledigjende toan oer de troanwikseling fan keninginne Wilhelmina en keninginne Juliana. Nei klachten fan it Nederlânske regear ferbea de Britske besettingsmacht it tiidskrift foar twa wiken.

By de 'Spiegel-saak' yn 1962 waarden redakteuren fan it blêd bleatsteld oan in foarûndersyk nei mooglik lânferried. Oanlieding wie in artikel fan Der Spiegel oer it ûnfermogen fan Dútslân en de NAFO om him te ferdigenjen as it op in oanfal fan de Sovjet-Uny op West-Europa kaam. In grut part fan de befolking wie solidêr mei it tiidskrift en yn it lân wiene demonstraasjes foar de redakteuren. De útkomst fan de saak wie dat der gjin haadproseduere iepene waard en dat twa staatssekretarissen en de doetiidske federale minister fan definsje Franz Joseph Strauss út it kabinet-Adenauer ôftrede moast. Ek tsjintwurdich wurdt de saak noch sjoen as in fersterking fan de parsefrijheid yn Dútslân.

Op 19 desimber 2018 makke Der Spiegel bekend dat harren meiwurker Claas Relotius in soad artikels skreaun hie mei optochte persoanen, sitaten en 'feiten'. It wie it grutste sjoernalistike skandaal yn Dútslân sûnt de ferfalske deiboeken fan Hitler yn it tydskrift Stern (1983).

Yn nû. 29 fan 2019 ferskynde in artikel fan Matthias Gebauer, Ann-Katrin Müller, Sven Röbel, Raniah Salloum, Christoph Schult en Christoph Sydow mei de titel Gezielte Kampagne ('Ofstimde kampanje') oer de ynfloed fan twa organisaasjes, dy't har ynsette foar bettere relaasjes yn it Heine Easten en mei in aggresive lobby en jild ôffurdigen yn de Bundestag oanset hawwe soene om de anty-Israelyske BDS-beweging as antysemitysk te feroardieljen. De auteurs spekulearren dat de ferienings stipe en oanstjoerd waarden fanút Israel. Ek de Mossad soe neffens it artikel dêrby in rol spile ha. Yn in boppeskrift fan de online-ferzje stie: So steuern zwei Vereine die deutsche Nahostpolitik ('Sa stjoere twa ferienings de Dútske Heine Easten-polityk'). It artikel rôp in weach fan wjerstân by oare media op, dy't de auteuren fan antysemitisme (Frankfurter Allgemeine Zeitung), gefaarlik spul (Welt) en de fersprieding fan anty-Israelyske komplotteoriën (Neuen Zürcher Zeitung) beskuldigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Der Spiegel

  1. Statistyk: Wer liest/hört/sieht was warum?. Yn: Die Zeit, nû. 5/2006, side 64