Dedemsvaart (doarp)
Dedemsvaart | ||
Herfoarme tsjerke (2014) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Hardenberg | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 13.090 (2023) [1] | |
Oerflak | 34,99 km² dêrfan lân: 34,47 km² dêrfan wetter: 0,52 km² | |
Befolkingsticht. | 374 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N377 | |
Postkoade | 7700-7702 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 35' NB, 6° 27' EL | |
Kaart | ||
Dedemsvaart hat syn namme te tankjen oan de Dedemsfeart dy't yn dit gebiet oanlein is. Dizze feart rûn fan Hasselt ôf nei Ane ta en waard oanlein yn it tiidrek fan 1809 oant 1854. De oanset en in grut part fan de útfiering fan dizze oanlis waard dien troch Willem Jan baron fan Dedem (1776-1851).
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By (of op de rin fan de eardere) Dedemsfeart del rint de provinsjale dyk de N377 (Hasselt - Coevorden). In pear kilometer westlik fan Dedemsvaart rint de N 48. Dedemsvaart is mei it iepenbier ferfier allinnich mei de bus te berikken.
Kultuer en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak hat in tal histoaryske lânhuzen. Ek binne der de kalkovens, 't Leshuus. Yn de âldheidskeamer kinne besikers mear te witten komme oer de oanlis fan it kanaal, de yndustry fan Dedemsvaart yn de 19e iuw en de kalkovens. De botanyske tunen fan Mien Ruys foarmje in (ynter)nasjonale trekpleister.
Yn Dedemsvaart binne in tal rekreative foarsjenningen. De Kotermeer, in plasse út de tiid fan foar de feanterij, is hjoed de dei in rekreaasjeplasse dêr't swommen, syld, surft en fiske wurde kin. It Zuiderbos grinzet fuort oan de bebouwing fan Dedemsvaart.
Bekende persoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mien Ruys (1904 - 1999), túnarsjitekte;
- Reinier Paping (1931), winner Alvestêdetocht fan 1963;
- Gerrit Brand (1956), skriuwer;
- Cisca Joldersma (1964), CDA-politika;
- Sanne Hans (1984), sjongster (artystenamme Miss Montreal).
-
De kalkovens oan 'e Kalkovenwijk (2009)
-
Gashâlder oan 'e Oude Zuidwolderstraat (2005)
-
Draaibrêge oer de Dedemsfeart (2023)
-
Wettertún fan Mien Ruys (2002)
-
Earder haadkantoar fan de Dedemsvaartsche Stoomtramweg-Maatschappij (2017)
-
Loftfoto fan Dedemsvaart (2016)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|