Springe nei ynhâld

De tolve asega's

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De tolve Asega's)

De tolve asega's is in ûntsteanssêge foar it Fryske rjocht. De sêge is allinnich oerlevere yn 15e- en 16e-iuwske ferzjes, mar hat âldere woartels. De âldste farianten wurde fernijd yn in ôfskrift fan it Ommelanner Lânrjocht fan 1448, yn it Jus Municipale, de Gesta Fresonum en Thet Freske riim (om 1500). Der is ek in ferzje út Sijbekarspel yn West-Fryslân út 1662 bewarre bleaun.
De sêge slút mooglik oan by it ferhaal dat Karel de Grutte - neffens de biograaf Einhard - de wetten fan al syn ûnderdienigen opskriuwe liet. [1] De minsken wiene tige wiis mei Karel de Grutte, dy't as de grûnlizzer fan de Fryske frijheid sjoen waard en ferbûne him mei allerhande ferhalen.

Keizer Karel de Grutte joech de Friezen harren frijheid, op betingst dat sy harren gewoanterjocht mei alle regionale fariaasjes delskreauwen.

It delskriuwen fan it Fryske rjocht waard opdroegen oan tolve asega's, Fryske rjochters. Hja slaggen der jier nei jier net yn om it foarinoar te krijen en op it lêst waard de keizer sa lulk dat er sei dat hja it wurk binnen in beskate tiid ôfmeitsje moasten, oars waarden hja op in seeskip setten sûnder roer en seilen. Dochs krigen hja it delskriuwen fan it Fryske rjocht net op tiid klear en de straf waard útfierd. It skip kaam yn in swiere stoarm telâne en de tolve rjochters tochten dat se net lang mear te libjen hienen, doe't sy in trettjinde man oan board seagen, dy’t it stjoerleaze skip op ûnneigeanbere wize nei de kant stjoerde. Oankommen oan lân, sloech de rêder mei syn stêf op 'e grûn en op dat plak ûntsprong in boarne. Hy nûge de tolve rjochters út om de boarne hinne in sit te nimmen. Sels gong er op in grutte stien sitten en diktearre de rjochters dêrop it Fryske rjocht. Dêrmei koenen dy feilich weromkomme by de keizer.

It is dúdlik dat de betsjutting fan dat ferhaal foar in grut part ferlern gien is. It dúdlikst blykt dat út it ûnbestjoerbere skip, wat fansels net botte helpe kin by it delskriuwen fan rjocht, en wat ek grif net it normale middel wie om minsken foar altiten fuort te stjoeren. Earder soe it figuerlik wêze kinne dat rjochters sûnder wet binne as seelju op in ûnbestjoerber skip.

In foar de Kristlike tiid wichtiger punt is de natoer fan de net-minsklike stjoerman. In ynterpretaasje soe wêze kinne dat de Kristus sels de Friezen harren rjocht jûn hat. Mar in foar-kristlike ynterpretaasje soe wêze kinne dat dyselde wetten streekrjocht fan de god fan it rjocht, Forsite, kaam binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: